sâlt & sentimint

 Nei De See


Hoe’t de see der hinne leit

is al sa faak beskreaun,

besongen en staljûn yn bylden:

lyryske wurden net genôch.


Wat sil ik der dan fan sizze,

fan dat ûnbidige ûnderdiel 

fan it ûnbegryplike grutte gehiel

en dy lichte streek oan de kime

dy’t altyd mar yn beweging is.


Dy grutte dobbe is de yllúzje

fan in tige djippe leechte 

foar it each en tagelyk

in ûnmjitlik swiergewicht

dêr't we net omhinne kinne. 


It sûzet as bloed yn de earen,

it rûkt as de hûd nei de nacht,

en it krûpt dy bytiden as fingers

by de bleate skonken omheech,

mei’t it dy suver tinken docht, 

dat de see in libben wêzen is

dy’t dy wat sizze wol.




Mourir un peu


It eilân achterlitte:

it ûntwyk yn de see 

fan myn doarmjende tiid

mei jimmer blauwe loften

fol dûnsjende kobben.


Ik beskriuw se as in klisjee 

fan myn langsten, want

ik hearde se faak sjongen 

as rôpen se myn namme. 


De dynjende dunpaden

droegen my altyd op hannen

nei it ljocht op it strân,

dêr’t ik my neaken net skamme.


Dat eilân lit ik achter,

mei de waarme bêden

fan myn stilste nachten,

wylst de floedbaren achter my

brekke yn de rûchste brâning

en ik fergees wachtsje sil

op it roppen fan myn namme.