bryk
'In echte Fries is in Fries dy´t bryk
Hollânsk praat.'
'Huh...?',
'Huh...?',
'Okee, in bytsje bryk', bynt de man tsjin
my oer wat yn.
It is fansels dom en sis tsjin him:
'Bedoele jo ABN mei in aksint? 'Ja krekt',
giet er daliks fierder', mar it is net allinnich de útspraak. Wat ha ik wolris
lake om dy minsken. Guon koenen it moai opsizze. Spitigernôch hearre je dat noch
selden. Hast alle Friezen prate tsjintwurdich beskaafd Nederlânsk.'
Ik hear him fernuvere oan. Syn Frysk klinkt
as komt er streekrjocht fan de Akademy. Hoe wit er trouwens dat ik in Fries bin? Ik ha amper in wurd sein. Is my dat soms oan te sjen?
De ferûnderstelling dat Friezen hieltiten
better Nederlânsk prate is lykwols nijsgjirrich, dat ik kin my net stil hâlde. 'Stel
dat it sa is', opperje ik, 'dan mei it wol ris ûndersocht wurde. Wa wit hat it
te krijen mei de klankferoarings yn it hjoeddeiske Frysk. Is jo dat noch noait
opfallen? Dêr sille sels studinten op ôfstudearje lies ik yn de krante.'
It is de man blykber om it even. Súntsjes glimkjend
lûkt er oan de skouders en sjocht ta it rút út. Op dat stuit rydt de trein de
rige bolstiennen op de grins foarby. Unwillekeurich moat ik oan de snútslach
tinke dy't ik lang lyn krige om myn net al te geve Frysk. Soks bliuwt jin by,
benammen no't it skreaune wâldsjers eins ek net mear mei. Dy nuvere regeltsjes
yn in meartalich lân dêr't it klankferskaat hieltiten riker wurdt. Wêr binne se
bang foar? En wa is hjoed de dei noch in Fries? Of Drint, of Hollanner? Ik
meunsterje de man noch ris. Typysk sa'n hij sizzer en hy skriuwer kinst hast fan
tinken wol ha, al is it oan de bûtenkant fansels net te sjen. Wêr soe er
weikomme? Dan sjit de opmerking fan in bûtenlânske kunde my yn it sin. Sy fûn
dat ik Ingelsk mei in Frysk aksint prate. Dêr bin ik noch grutsk op.
te plak of net te plak
Net witte wêrst thús hearst is net itselde as datst by in oar útfanhûs bist en oeral thús wêze is wat oars as it plak datst dyn hûs neame kinst. Mar witte dat dyn hiele besit dy ûntnadere is of net mear bestiet: dat is minder as in bist dat syn nêst troch in ramp ferliest. Dan witst dat dyn libben net folle mear wurdich is.
Dan nimst in paad en giest fuort. Sels ast net frij bist om dyn eigen wei te gean. Dan makkest dysels de baas oer dyn eigen lot. Giest te gean, giest oer it spoar of yn in tichte wein oer de dyk. Dan komst, tinkste, altiten op in beskutte bestimming út. Nimst in wisse koers en in inkele reis, sa't safolle dogge. Sûnder pas, sûnder kaart, sûnder in waarme jas. Reizgest troch púnfalstêden, oer ferswolgjend wetter, as it moat wâldest troch minefjilden of strûpst oer stikeltriedhekken. Ja, as it koe, dan fleachst troch de loft. Want do sikest in plak, dêr't in hûs foar dy is mei in bêd, mei in brogge en in waarme dûs. Fregest inkeld om it rjocht op in kaai foar in doar om it gefaar foargoed bûten te sluten.
Net witte wêrst hinne giest wol net sizze datst nergens wolkom wêze silst, sa't de noed om dy sûnder soargen del te jaan net folle oars is as in ûnderdak dêrst dy thús fiele kinst. En ast lang om let oankommen bist, dan brûkst de taal om de frede te groetsjen. Dan litst dyn bern de wierheid leare om yn frijheid alles sizze te kinnen. Dan leaust yn dysels, sûnder oan te nimmen wat oaren tinke. En dan fertroust op de wurden fan dy humanist, dy't sei dat hiel de ierde dyn heitelân is.
spegelskrift
Ik lês in roman. Farsk printe. Geef Frysk. Knap skreaun. Nei it earste haadstik naam it ferhaal my daliks mei. Minsken fan fleis en bloed. Relevante relaasjes. In ûnderhûdse striid en de dialogen ha my yn 'e macht. Is it dan in goed boek? Ik soe 't fan tinken wol ha. Al wit ik op dit stuit noch net hoe't it ôfrint.
Der is lykwols mear dat my yn´e besnijing hat. Stel dat it ferhaal earst yn it Nederlânsk skreaun is. It kaam ynienen by my op. En stel dat de skriuwer it boek sels nei syn memmetaal, it Frysk, oerset hat. It soe my net fernuverje dat soks wolris bart. As eksperimint? Of as in nije trend? En kin dat dan samar sa? Want wat docht dat mei it ferhaal? Faaks dat de taal wat twaslachtichs kriget. Mis ik as Frysk lêzer dan net wat? Faaks binne de karakters net hielendal wat se wêze moatte. En kinne kritisy der wol oer? Men soe tinke dat it ynfloed op de resepsje hat. Faaks hat de skriuwer himsels en syn lêzers te pakken. Of falt dat wol wat ta? No ja, hoe dan ek, wol ik lêze wat sok spjalten spegelskrift my te fertellen hat, ik sil it de romte jaan moatte. Dan falt alles - as it in goed boek is - grif wol op syn plak.
fierder

Fierder gean en achterlitte. Noch ris oer it skouder eagje en dan fierder sjen. Dêr tuskenyn sitte mar inkele wurden. Goodbye! Take care! Oant sjen! Petearen fan langer lyn binne al hast ferhalen wurden. Sterke stikken miskien. As âlderwetske foto's yn in album grif it bewarjen wurdich. Mar earst fierder sjen en wer frjemdling wurde. Anonym yn in bjusterbaarlik loftspoar oer âlde grinzen. Reizger yn nije ferhalen.
Mienskip?
Se wienen der earder: de earste minsken yn it lân fan it âlde folk. De bewenners fan in erfskip dat har oan har mienskip bûn. Se wisten wa't se wienen. In autentike taal siet har yn de genen. Grutskens yn har bloed. Se namen wat de natuer har skonk en dronken út mistike libbensstreamen. Minsken dy't har oarreheite en memmedreamen seagen yn in web fan triedden dat yn it hout ferside siet.
Doe kamen de wite minsken. Har tiid naam it folk te pakken. No binne it de toeristen dy't geasten sjogge
Abonneren op:
Posts (Atom)





