natura morta
Wat wol in
skilder mei syn wurk sizze? Dat is in fraach dy’t net direkt by elkenien
opkomme sil, mar wol foar de hân leit. Mooglik jout de fraach rjochting oan it
besjen en makket it in skilderij nijsgjirriger.
No sil net
elke skilder mei syn wurk in ferhaal fertelle wolle, sa't ek net elkenien by it
besjen fan in skilderij der nei siket. Mar dy't dat al dogge, soenen dy dan
kollektyf itselde waarnimme of betinke se mar wat? It kin grif alle kanten op.
Dy frijheid ha we gelokkich. Dat makket dat it goed yn dy opnimmen fan watst
sjochts fertuten dwaan kin, want der stekt faak mear achter dan ast tinkst.
Foar it wurk
fan ferheljende skilders jildt fansels ek: hoe wurdt it ferteld? En dan kinst
dy ek ôffreegje: wurdt it altiten wol begrepen? Dat hinget dan wer fan de
waarnimmer ôf. Miskien hâldt dy himsels wol foar de gek.
Guon
skilders sizze it moai op. Dy lizze har der op ta en skilderje maklik yn
alle talen. By oaren moat der wat djipper oer de stof neitocht wurde. By it
ferneamde wurk fan Giorgio Morandi - dat foar myn eagen like stil as in goed boek ta libben
komt - freegje ik my bygelyks ôf: wat is it leitmotyf of de reade tried yn syn
stillibbens? En hoe sit it mei de karakters? Syn komposysjes lykje bytiden op
groepsportretten fan in fredige famylje. Mar dat is ferrifeljend. Want wat
langer ast der nei sjochst, wat skerper der in ferskaat fan bylden op dy
ôfkomt. It kin krektlikegoed in ploechje opsketten jongelju wêze dy't nei de
kroech ta sille. Of in stel útrûpele, yllegale ymmigranten dy't fergees sykje
om in dak boppe de holle. Yn it slimste gefal hâldt de Italiaanske skilder ús
in spegel út syn eigen jeugd foar en sjoch ik nei in keppel byinoar dreaune
boargers dy't ûnskuldich foar in fassistysk fjoerpeloton stean te wachtsjen op
it genadeskot. Mar och, ik hâld mysels grif foar de gek en meitsje der mar wat
fan.
omlein
Geef as kryt
stie er de tiid
manmoedich,
steech en stoer.
Sawat tritich jier
woartele en woeks
de siedling fan in
houten túnkershân
as ienling op it hiem.
Wynbrekkend hoede er
ûnder syn griene teisters
oer jûpske darteldowen
en sjongsume klysters.
It wie syn tiid,
mei trochfike ieren
joech er beliis,
sa geef as kryt.
medium
Mei in iepen doek komme op
it toaniel pakkende foarstellingen ta libben, wylst dy dramatyske dynamyk op it
wite doek yn de bioskoop faak ek te bewûnderjen is. Gâns duorsumer is it fisuele
effekt fan it beskildere doek, dêr kinne sels de grappen en grollen fan Youtube
net tsjin op. In goed skilderij sprekt mei syn útdragende keunst iuwenlang ta
de ferbylding. It ferstille ferhaal fan it skildersmedium komt op seal mei museumpublyk
ek moai ta syn rjocht. Grut of lyts; klassyk of modern; abstrakt of figuratyf:
it doek wol him jilde litte.
Op in statysk keunstwurk
lykas in skilderij stiet de tiid stil en komt der tagelyk fan alles yn
beweging. Net allinnich kleur, foarm of de djipte, mar foaral de tsjinstellingen
fan it bestean. Hichtepunten en djiptepunten. Wille en pine. Libben en dea. Mei
in ynkringende, ekspressive symbolyk witte sommige skilders de hurde werklikheid
permanint foar it ljocht te bringen. Djiptepunten yn de beskaving troch de grouwélige
gefolgen fan machtspolityk. Ferhalen fan alle tiden. Grif warskôgje dy skilders
ús dat it ophimmeljen fan tirannen út it ferline, de tirannen fan it heden frij
spul jouwe en diktators fan de takomst yn it sadel helpe. Spitigernôch stiet
dat noait mei safolle wurden op it doek beskreaun. Dêrom stiet it hjir.
mappa mundi
Boppe de wrâld is gjin
himel, allinnich in heldere, skjinne loft dêr´t, om der te kommen gjin betingsten
foar bestean, oars as wat jild en in bytsje gelok.
Boppe de wrâld is gjin
lânskip dat fiere kimen bestrykt, mar inkel it ile beskot fan de lucht en in ferrifeljende
skossenflier fan bergen en wolken.
Boppe alles ferheven kinst
fan tinken wol ha dat it bestean sûnder doel ferdwynt yn in boaiemleas perspektyf
fan tiid en romte, dochs bist op dy hichte
net foargoed ferlern, want heech oer lân en see roait de almachtige Google-god
dyn globale plak en mjit mei bûtenierdske sinjalen tagelyk de stjerlike djipte ûnder
syn alles oereagjend tafersjoch.
spoare
De trein spoart op
tiid. Yn de kûpee slûgje wat lette studinten, de measte reizgers sitte lykwols oan´e
grize kant fan it bestean. In frou - krekt ynstapt - stoartelet as hikkesluter yn
de al wer ridende trein troch de kûpee. Pûstend blaast se it steile ponyhier
omheech. Bliid mei in plakje oan it gongpaad freget se, in bytsje stammerjend,
fatsoenlik om romte. It op in mobyltsje stoareagjende famke by it rút heisteret
opstannich har tas oan 'e kant. Suchtsjend ploft de frou del. Op 'e skoat
omklamje har mûtele hantsjes in grutte hântas.
De konduktrise
komt der oan. Kaartsjes en paskes ferskine út bûsen en tassen.
Oan de frou mei it
ponyhier freget se: 'Mei ik jo ferfierbewiis ek even sjen?'
'B-bertebewiis?'
stammeret dy licht yn panyk.
'De iepen-bier-ferfier-pas!'
glimket de konduktrise súntsjes.
Nei fiif minuten nerveus
klauwen en sykjen klinkt it: ´D-d-dy ha'k tink
f-fergetten.'
'No -no!', begjint
de spoarbeamte op hege toan tsjin de passazjier gâns âlder as harsels, 'dat is
net sa bêst, dan moatsto tink mar even in ferske sjonge.'
It wurdt mûskestil
yn de stiltekûpee. De poerferlegen frou, hast like read om´e holle as har jas,
hakkelt: 'M-m-marr... '
'Wêr sil de reis
hinne?' wurdt se ûnderbrutsen. Har bestimming wit se gelokkich wol. 'Nei it
wurk, op it deiferbliuw.'
'O?'
Hast ek in
identiteitsbewiis by dy?
'Dy sit yn de b-beurs'.
'En dy leit seker
thús.'
'Ja!', seit de
frou suver feromme, 'ja, op de t-t-tafel!' Dêr is se ek wis fan. Fergetten is
net ferlern.
De konduktrise pakt
der in opskriuwboekje by.
'Dan sille we dyn gegevens
even notearje moatte.'
De namme komt der
flot út.
'Moai, en it
adres?'
Lûkend oan de
skouders fisket de frou in map út har tas. Iepenteard falle njonken in grutte
foto fan harsels de twa rigen kleurige winkelpaskes it measte op. Achterop de
foto stiet in adres.
De konduktrise
knikt nei de samling plestik kaartsjes. 'Sit de ferfierspas dêr net tusken?'
'Néé', klinkt it
lilk, 'd-dat kin net, d-dan reitsje ik hielendal yn de war.'
De konduktrise meldt
it gefal fan swartriden mei har mobyltsje by it kantoar fan it spoar. Letter
foar letter staveret se de namme fan de foto.
Op 'Ja, nee, ja en nochris ja', folget 'tankjewol'
en 'doei'. Dan begjint se te skriuwen. Yn blokletters, krekt en sekuer. As lêste set se ûnderoan in kribeltsje.
De frou yn de reade jas sjocht it burokratyske barren benaud oan. Wat rûch
kriget se it skriuwblokbriefke yn de hannen drukt.
'Sa', kriget se
koartôf te hearren, 'hjir kinst hjoed mei fierder reizgje, mar pas op, net
werom nei hûs!'
in ryk lûd
Frysk is in libben boek
en tagelyk ferrifeljend
swier fan nocht en noed.
Yn wûndere ferwurding
- mei twa of trijelûd -
bliuwt it breklike besit
it oerreau fan ús moed.
En troch tinkferbylding
- op in skerm of papier -
is gjin inkel wurd te lyts.
Likemin it skeve skrapke
en it dakje, as we mar
sjen wolle wat der stiet.
hannen thús
Tink der om, mochtst
nergens oankomme! Sûnder tastimming is it ferbean om mar in finger út te
stekken. Hannen thús en de ferlieding ûnderdrukke, dat is de baas. Hast dy mar
yn te hâlden. Regels binne betocht om de mins stjoer te jaan, wetten om de
ferbrekkers yn de stringen te hâlden en sanksjes binne as ôflear net om 'e
nocht ynfierd, boppedat beskermje se it systeem.
Stikem al even ergens mei
de klauwen oansitte? Fiele hoe't in ferbeane frucht yn 'e hân leit? Tajaan oan de
ferlokking? Net dwaan! It moat net, it mei net en it kin net. Wa't net om lyk
wol sil it witte. Tink om de konsekwinsjes.
Mar toe mar, wa kin it bytiden
net litte? Wa hat himsels net altiten yn 'e hân? Want it is in toer. It is in
keunst. En it is in straf. Dan jokje de fingers der geregeld oer. Dan is it in
striid tsjin de ferlieding en in gefjocht mei de opspyljende driuw. In drift
dy’t kwealik del te bêdzjen is. Dat skrynt as in smetlape en stekt as sâlt yn
in iepen wûne. Men moat sterk wêze! Inkeld de sterksten stean de besiking. Of
binne dat krekt de skiters? Binne dat de lefferts? De stikemerts dy't allinnich
wat doare at gjinien sjocht? De blasten dy’t krekt mei sin har fingers baarne
wolle om mei reade earen en in gleone holle oan har gerak te kommen? Tink der
mar om, se binne warskôge!
it lûd
It is de taal fan de tekens dy't ús yn de fingers sit. Beweging fan
gedachten. Tinken fan unifersele betsjutting. Restleaze ynderlike krachten. It
binne wurden mei it lûd fan ferbylding en it is de holle dy't it yn de hannen
hat.
Abonneren op:
Posts (Atom)