twaspjalt


De mûne stiet op ’e weau en mealt. It wetter sakket, mar it measte part fan it fersûpte polderlân eaget lykwols as in grutte sompige blikke. It raffelich reid besiket noch wakker de trochsêde petgatten yn de stringen te hâlden.
Keppels guozzen skrasse harren rûte yn de loft en skeare mei it lûd fan in pandekselsonate yn sostenuto oer de keale krite. Manmachtich delstrutsen frette se har sêd oan it subsidiearre boeregers. Swannen driuwe as soargeleaze slachskippen by twaen yn de spegelglêde sletten. Gjin mins of bist dy’t har te nei komt.
Ik sjoch ien wite reager, wylst der foar de winter wol acht omteagen. Wêr binne dy bleaun? Blauwe reagers, binne der noch genôch. By de sleatswâlen del, yn de groppen en tusken it reid spylje se, as iensume wachters yn âld baitsjes, de baas fan it fûgeltsjelân. Op har wite neven en nichten stean se net te wachtsjen. Wat docht dat fine fûgelguod hjir, sille se wol tinke. Se komme út Sûd Europa wist ik. Sûnt in nij klimaat ús temjitte komt hat de wrâld foar har ek gjin grinzen mear. As ymmigranten moatte se it lykwols gauris belije. Dêr’t in wite him om fretten deljaan wol, dêr komt in blauwe him faak fûl oer it mêd. Twaspjalt yn de petgatten. Nuver, want der is romte genôch.



waan

Surplace

Fol fan ferlet binne de tiden
sûnder te ferriden koersen
om te kiezen en te nimmen
nei de simmers fan it suden

of nei de noardlike winters
en troch de speaken hinne
de daagjende eastlike kime,
lykas it westen taastber fier.

Surplace stiet it driuwtsjil
fan in wrâld stil yn it each
fan in wieljende orkaan.

Op it krúspunt fan start
en finish is de foarsprong
foar it falske plat fan waan.



2021

2021 DINGEN

It ljocht wie dy earste dei bysûnder
ûngewoan foar in dei dy’t wol wat stil,
mar fierdersoan hiel normaal ferrûn.

De toan wie net somber, mar helder
en it sicht oer de romte joech perspektyf
yn it palet fan in wikseljende stimming.

It skoep in sûnderlinge sfear, sadat it
my net ferwûndere dat it wat mei my die
en ik stil stie by in ferskaat fan dingen.

Dingen dyst ornaris dochst om te bestean
en dyst litte moatst om te oerlibjen, mar
ek guon dy’t dy sinleas troch de holle gean.

Boppedat skôge ik yn dat dageljocht huverich
it doel fan de dingen dy’t yn de ûnbepade tiid
fan in nuvere winter de wrâld te fiter hienen.

Wêr soe de fierte lizze tocht ik by it tellen
fan de stil bestoarne dagen om my hinne,
wêr leit de kime? En doe draaide ik my om. 


 

neitins


 

Fjoerwurk

As ljocht lûd joech
lykas lôgjend fjoer,
dan hearden we
ier yn ’e moarn
de wolken baarnen
en jûns it flústerjen
fan de lette sinne
dy’t lûklam tane
yn it skimertsjuster
fan it wolkenskaad.

Wa’t dat hearre kin,
dy heart it oerljocht
stilswijend as fjoerflinters
út besiele skildersfingers
op it doek delstriken.

Dinie Boogaart


rekkenskip

De tiid hâldt skoft ast net yn beweging bist, teminsten sa liket it soms. Wiken wurde as it ware wei yn in skiere mist, alteast as de gong der út is. Dagen wurde as nachten ast dy deljoust of deljaan moatst. It ûndergean fan tiid bestiet út ferrifelderij en feiten. Foar it iene slútst de eagen en fan it oare nimst rekkenskip. Alle moannen telle lykwols gewoan de dagen oant en mei de lêste ta. Beweging yn tiid hâldt gjin skoft. Kinst foar en achterút rinne. Kinst rûntsjes drave. Kinst in dearinnend paad nimme of de holle dellizze. De tiid bliuwt op koers. Steech en stiifsinnich.



Desimber ferrifelt de tiid ek net. Desimber giet syn bestindige gonkje oan de ein ta troch. Koarte dagen, hieltiten langere nachten, oere nei oere op de ivige klok. Oant en mei om de tweintichste hinne. Dan beweecht der wat. Dan feroaret de stap op de trep nei ûnderen. Net op slach, mar stadich yn it bewende tempo dat it bestean yn beweging hâldt. Dan giet it wer stânfêst by de trep op nei boppe ta. De klim nei ljochte dagen. Der is gjin stilstân, der is gjin ein, salang ast de eagen iepenslachst en op tiid de doar út giest, wylst der rekkenskip fan nimst, datst dyn tiid altiten in stapke foar wêze moatst. 


urgint

It is hjoed de dei in hiele keunst hearde ik ien sizzen, om te bepalen watst lêze moatst en wat net. ‘Der is safolle’, sei er, ‘datst troch al dy boeken, krekt as mei de beammen dy’t se koste ha, it bosk net mear sjochst.’ Hy hat gelyk tocht ik, der is mear as genôch en it bliuwt in hiele toer om in kar te meitsjen. Fierder fûn er dat it yn de measte gefallen fansels ek in kwestje fan smaak wie wat him oerhelje koe, wat it kiezen, sa sei er, ek net makliker makke.
In drege keunst dus. De reklame en resinsjes, it ferliedlike fan it omkaft en de populariteit fan de skriuwer, it joech lang net altiten de trochslach. Mei it foarbyld fan de skriuwer woe er sizze dat guon boeken as winkelknechten lizzen bleaunen, omdat de auteur en of syn wurk net elkenien noaske. ‘Of net begrepen wurdt,’ heakke ik der oan ta. Hy knikte: ‘Alle keunst wurdt yndied net altiten begrepen, soms leit him dat oan de keunstner, soms oan it wurk en soms oan allebeide.’ Dat wienen we mei-inoar iens. 
In kar meitsje - moast der noch even kwyt - waard ek dreger en dreger omdat neffens syn ûnderfining de lêzer mei de jierren sinniger wurdt. It oerkaam himsels ek. ‘Nim no dy tûzenen boeken dy’t elk jier útkomme’, krige ik mei klam te hearren, ‘der bliuwe foar my mar amper in hantsjefol oer, omdat it sa’n ôfgryslike protte fan itselde is.’ Hy skodde mei de holle. ‘Selden komst noch in urgint boek tsjin dat der noch ta docht’. 
Ik sei: ‘lykas dat Fryske boek, hoe hjit it ek mar wer? O ja, Sjappy! Dat is oars perfoarst gjin pulp!’  Syn eagen ljochten op en hy gnyske ynstimmend: ‘Bjusterbaarlik boek. Sa’nent komst mar ien kear yn dyn libben tsjin.’ 


geandewei

Wat kin der in protte feroarje yn in lyts skoftke tiid. En wat bliuwt der tagelyk ek noch folle by itselde. Ien jier; tweintich jier; in minskelibben. Alles ivich fan itselde is lykwols gau tefolle. En feroaring is spitigernôch net altiten foarútgong, mar gjin feroaring hielendal net.

Novimber is altiten novimber: de grize prelude fan desimber. In foarspul mei mankelike klanken fan it falske sentimint yn in hjerstsonnet. Ja, de alfde moanne falt faak swier. Dreech as de muoite dy’t it kostet om in stichtlik stikje tekst mei te fier sochte wurden te skriuwen. Drôf as de alinea’s dy’t smoare yn mislearre byldspraak foar hertsear en de smerten fan de tiidgeast.

Novimber hat wat mankelyks dat desimber net hat. As foarlêste moanne  set er de toan foar it besef dat it libben ûnomkearber is. De slachtmoanne warskôget alfêst dat it jier hast om is en foar it grutste part ferlern. De sinne jout it oer. It waar slacht om, de kjeld wint oan. It hat syn útfallen, mar mei de knepen ynwindich, is novimber like ritich as bestindich. Men kin nergens mear hinne. Der is inkeld romte foar minder, wat ús wachtet is it lot fan desimber. It slotstik dat as in falsk rekwiëm klinkt. 

Novimberdagen ferfalle geandewei apatysk yn obskuere nachten. Fjouwer latinte winterwiken - fan aldergeloks mar tritich dagen  - om lydsum te dragen. Stoisynske dagen dy't, ek as it reint en stoarmet, amper feroarje en ivich itselde lykje. It is net oars. De oanrin nei de ein hifket de wearde fan de tiid. In deadwaner fansels, mar faaks in tapaslike metafoar foar alles wat foargoed feroare is en benammen foar de pine oer wat noait wer itselde wurdt. 


in sonnet