De tiid hâldt skoft ast net yn beweging bist, teminsten sa liket it soms. Wiken wurde as it ware wei yn in skiere mist, alteast as de gong der út is. Dagen wurde as nachten ast dy deljoust of deljaan moatst. It ûndergean fan tiid bestiet út ferrifelderij en feiten. Foar it iene slútst de eagen en fan it oare nimst rekkenskip. Alle moannen telle lykwols gewoan de dagen oant en mei de lêste ta. Beweging yn tiid hâldt gjin skoft. Kinst foar en achterút rinne. Kinst rûntsjes drave. Kinst in dearinnend paad nimme of de holle dellizze. De tiid bliuwt op koers. Steech en stiifsinnich.
Desimber ferrifelt de tiid ek net. Desimber giet syn bestindige gonkje oan de ein ta troch. Koarte dagen, hieltiten langere nachten, oere nei oere op de ivige klok. Oant en mei om de tweintichste hinne. Dan beweecht der wat. Dan feroaret de stap op de trep nei ûnderen. Net op slach, mar stadich yn it bewende tempo dat it bestean yn beweging hâldt. Dan giet it wer stânfêst by de trep op nei boppe ta. De klim nei ljochte dagen. Der is gjin stilstân, der is gjin ein, salang ast de eagen iepenslachst en op tiid de doar út giest, wylst der rekkenskip fan nimst, datst dyn tiid altiten in stapke foar wêze moatst.