Under wurden bringe is it minste net, mar hoe bringst de ûnderfining fan in ierdskok yn byld? Dat kin dy dwaande hâlde ast fanwegen dy malheur net mei de trein fierder kinst en ek net werom. Dan begjinst te tinken om de gedachten te fersetten. It byld datst fan de triljende ierde yn' e holle hast kinst fan foto's en fan de telefyzje. Of fan in realistyske rampenfilm. Hoe't it fielt as it midden yn'e nacht 80 kilometer fierderop bart en dyn bêd skoddet en kreaket sit my no noch yn de lea. De lichte neiskokken binne lykwols hast like slim, dêr skrikst algeduerich wer op'e nij fan. Faaks seit dat plestik fleske genôch, dêr't it wetter seismysk yn begjint te triljen as bewiis dat it gjin ferbylding is.
De Dome
Hjoed ha ik
beskamme skriemd.
De sinne wie fûl
en ik hie ferlet fan drinken.
Ik stie yn de stêd,
dêrt it fjoer fan de hel
trije dagen baarnde
en it wetter read wie
fan ferskroeide liken.
Doe wist ik lykwols dat
ik gjin toarst hie,
mar in stik yn de kiel.
Ferjaan en ferjitte
lies ik earne oars
op in skansearre stien.
Ik koe it my net begripe.
Skimerdream
It is healtsjuster as ik wekker wurd,
wat nuver trepkje ik nei ûnderen
en as ik de keamer yn stap,
dan sitsto dêr: yn myn jas
mei de holle licht foardel.
Ik huverje en stjit dy hoeden oan,
do slachst ferheard de eagen op
ein seist:
ienlik
Der is op de wrâld mear skreaun as dat der oait
lêzen wurde sil, dat wie myn earste gedachte, doe't ik mei in lichte sucht in
boek fan sawat tûzen siden iepensloech. Dat men kin fan tinken ek wol ha dat
der grif mear boeken binne as kilometers dy'tst gemiddeld yn it libben
ferreizgje silst. It boek, dêr't ik oer teset bin, hat mear as genôch tekst om
in moai skoft mei ûnderweis te wêzen. It earste haadstik koe minder. Op it kaft
stiet datst it ferhaal oanienwei troch útlêze wolst ast der oan begjinst. Salang duorret myn reis net, mar it lêst al as
it slydjaget. It ferhaal, in lyrysk epos kin ik better sizze, giet oer de reis
fan in man yn syn tiid. In reis fan it bêrteplak oant, nei alle gedachten, it
plak fan stjerren. No sil grif net elkenien syn libbensreis sa'n tsjok boek
wurde, lit stean dat it dan flot lêst, mar ek by in oar sille der altiten wol
in stikmannich kilometers by sitte dy't de muoite wurdich binne en gean der mei
de tekstferwurker by del. Ik besykje it ek wol ris. Gauris fal ik healwei de
rit yn in episoade. Dan stribje ik nei in meinimmende tekst dy't, as it spoar,
troch de fertelde tiid strûst of der krekt geandewei stadichoan trochhinne
slofket om de lêstiid yn in ôfwikseljend en boartlik patroan syn gerak te
jaan. Soms gean ik yn de tiid werom en
inkeld sjoch ik blynseach foarút. Der moat al wat yn stean om oer nei te
tinken. Faak is it lykwols in ienlike tocht fan lege siden. Nee, de noch te
bereizgjen kilometers skriuwe net samar in bestseller. Mar de reis giet altiten
ergens hinne en dan docht it der net safolle ta, sels net as it trajekt yn in bedrige
taal beskreaun wurdt.
yn 'e frede
Yn 'e
frede
Ik
socht om wat rêst en rede,
dat
ik gong even in slach om
yn
de stêd fan it hôf.
Dêr,
net fier fan myn bêd,
fielde
ik my feilich yn de nacht
dy't
gjin wierheid ferswijde.
Earlik
sein socht ik om de frede
en
it rjocht dêr't safolle om freegje
en ik
tocht: hjir fyn ik dat grif.
Mar
dêr't ik eartiids mei
hûnderttûzenen
protestearre
en
song: ban de bom,
dêr
wie it hûs fan de frede
mei
hege hekken omsletten
en
de poarte potticht,
ek al
baarnde der folop ljocht.
hâldfêst
Jou gjin oardiel oer in boek om it kaft,
seit in bekend Ingelsk sprekwurd. No moat ik earlik bekenne dat ik dat yn 'e
regel wol doch. De bûtenkant seit neffens my in hiele protte. Dan ha 'k it net
oer de bibel of de koran of sa, mar oer in nijsgjirrich boek, in boek datst yn
'e boekhannel keapest. En yn it ramt fan dit skriuwen is yn de winkel keapje de
bêste opsje. No wit ik ek wol dat it by in boek, krekt as by de mins, om it
ynderlike giet en net om de bûtenkant, want lykas by de mins kin it binnenste
fan in boek knap tsjinfalle. Dreech fan stof, kliemsk, langtrieddich of
útsprutsen oerflakkich. It binne kenmerken dêr't je as lêzer net op sitte te
wachtsjen. Ik wit it út ûnderfining, soms is der gjin sek oan it eksimplaar dêr'tst
mei thúskommen bist, wylst it uterlik dy noch sa talake. Bytiden is it gewoan
in gok. Dus brûk it ferstân at de ponge of de pinpas út 'e bûse komt en jou de sinnen de frije
hân. Stek, nei datst de eagen goed de kost jûn hast, de hannen út 'e bûse.
Besjen en befiele, dat is net ferkeard. It jout in minske yn tiden fan twifel
hâldfêst. It giet om de estetyk fan kleur, maat en gewicht! Al kin de lucht ek noch wolris de trochslach
jaan. Dat stek om teloarstelling foar te wêzen gerêst de noas der yn. Mar tink
derom! Opsichtich is faak goedkeap en wat djoer liket hoecht net folle ynhâld
te ha. Wat artistyk docht folle mear. It moat in keunstwurk wêze. Smaken
ferskille, dat is wier, mar wa't der wat each foar hat, dy sil him net fersinne.
ommelânsk

Alle reizgers binne gjin lêzers en alle lêzers binne gjin reizgers, dat klinkt miskien dûbelsinnich, mar simpel sein wol it sizze dat net elkenien ûnderweis altiten mei de noas yn in ferhaal sit, likemin as dat alle thúsbliuwers dat dogge. Ik mei op paad en wei wol graach yn it papieren lânskip fan de taal omstrune. En tajûn, ek hieltiten faker op it letterfjild fan sa'n digitaal laaike, dat sa moai yn de skimer opljochtsje kin. Ja, op reis mei in wurkstik fan wurden, dat is de muoite wurdich. Wa't der de tiid foar nimt komt flotter troch de tiid. Gean der mar foar sitten en jou dy as lêsreizger del, dan hast dûbeld wille fan de ôfstân dy't ôflein wurdt, want in lêsreizger is twa kear fuort en dat foldocht yn' e regel skoan. Hurder reizgje docht it net. Soest it soms al tinke, mar dat is skyn. In oere is yn in pear sinnen gau beskreaun. De tiid nimt dy wol mei, yn fûgelflecht of slakkegong, oer de kimen fan it ûnbesteanbere en dan duorje in pear rigels somtiden langer as in dei. In lêsreis tusken feiten en fiksje hâldt geregeld ho om by de haadstikhalten om dy hinne sjen te kinnen en yn gedachten waar te nimmen dat bûten alles fiersten te hastich ferdwynt. Of om yn it spegelglês dy oare lêzer op te nimmen, dy't ûnderweis is nei in ûnbekende bestimming yn syn eigen ferhaal. In bestimming dy't inkeld fier fan de werklikheid te berikken is oer it paad fan de ferbylding, mar altiten tichter by is ast tinkst. Fier, hein of ommelânsk: reizgjen docht lêzen en oeral dêr't reizen úteinsette komt de geast yn beweging.
Abonneren op:
Posts (Atom)