boeken
Letters sykje iepen eagen,
sûnder krije se gjin gesicht
om sinnen te ferwurdzjen
dêr’t de ferbylding yn sit.
Letterrigels jouwe de mûle
en de holle doel mei taal
dy’t foar himsels sprekt
en ferheljend lûd hearre lit.
Letters wolle boeken wurde
fol leven en yn it libben stjoer
jaan oan it dreamend tinken.
Boeken lettere troch ynhâld
ha in eigen miening, fan lege
siden kin de lêzer net bestean.
spoaren
De grûnfêster
A poem
Ik seach de
toer fan Bommel stean,
doe’t ik mei de trein oer
de Waalbrêge nei it suden gong.
Njonken my
siet in jong famke
mei in ferrassend koart rokje oan
en in swart lapke foar de mûle.
Op har
bleate skonk pronke
de tekst fan in lange tatoeaazje,
dy’t oer de igale hûd nei it kút
al hielendal nei ûnderen rûn.
Ik moast
goed sjen wat der stie en lies:
‘I saw the future, I did, and in it I was
alive’
Ik tocht, dat komt grif út in gedicht, tagelyk
kaam my ‘De moeder de vrouw’ yn ’t sin.
Har freon
(tink ik) siet foar har oer
en seach my achter syn swarte lapke
gnyskjend oan (tink ik), wylst er
syn hân op har brune knibbel lei,
net oars as wie it it roer fan syn skip.
Ik seach
hastich nei bûten
en socht om de toer fan Bommel,
mar wy wienen al in hiel stik fierder.
de reis
De reis ( fan augustus 2020)
Tegels
tille de fuotten oer de earste meters,
diken draaie rjochts en loftsom foar de bus,
spoaren strekke har strak foar de trein út,
de reis beweecht, de reis libbet en is wer los.
It
doel is fan bestimming nei bestimming,
oer lân en wetter wer fan stêd nei stêd
troch in lange, lange simmer nei frjemde,
waarme nêsten yn in ferlange winter.
De
reis sljochtet fan natuere minskegrinzen,
de tiid hat er graach sels yn de hân, de reizger
skikt him genedich nei syn plannen en de lingte
fan de lingte is ek noch wol oer te kommen.
Al
wit de reis fansels mar al te goed, dat er folle
en folle fierder kaam as er op wjukken gean koe.
bekiste
Minsken reitsje út byld,
as skjinne reek of yn grêven,
der is neat oan te dwaan,
elkenien rekket út de tiid.
Bylden reitsje út sicht,
falle om, brekke, fersinke
yn djippe putten en grêften
of wurde rimpen ferstjitten
as namleaze relikten.
Utsein yn it stylfolle Drachten,
dêr stiet oan de Lange West
in troch de tiid ynhelle byld
ferpakt, ferburgen en ferballe
foar it ûnwittende neigeslacht.
De al lang fergetten skepper
neamde it stielblau bedutsen
byld Sinneljocht en Strieling,
no in neat sizzende titel foar
it bjuster bedimme granyt.
De keunst is as in lyk bekiste,
it kulturele erfguod is baarlik
skeind, fersmiten en ferkocht,
it miene folk is besoademitere
en stiet ferstuivere oan de kant.
stinne
DE FERWIKSELING
Ast ien stien op dyn paad
ferleist,
dan witst amper wêrst oan
begjinst,
omdat it in beweging op
gong bringt
dy’t dyn lamme lea it leksum
opseit.
Tagelyk wurdt it fersetten
fan in stien
somtiden ek it
ûnomkearbere begjin
fan in ynkringend mentaal
proses,
dat dy bot yn de besnijing
krije kin.
It docht my dêrom wakker tinken oan
de ferwikseling fan in wurd yn in sin
dêr’t de rin mei út ’e tekst helle
wurdt.
Dan is it ek stinne, switte en wrotte
as in strjitmakker yn waar en wyn,
om de brike rigel wer te sljochtsjen.









