Caisteal-ardhair
(loftkastiel)
It binne net de dunen, dy berûgele toppen.
De see is fierder fuort en dreger te berikken.
Granyt driuwt hjir op it magma fan de ierde.
De sniebeslipe bergen sliepe yn de achtertún
fan fergetten goaden, befochten en
ferlitten
troch âlde stammen fan it eale heechlân
folk.
It is net myn thús ûnder dy delstoarten loft,
dochs dream ik my dêr in hûs fan fersliten stien
as in kastiel yn it stof fan ferstoarne fulkanen.