In reis is as in
boek: yn´t foar nijsgjirrich om mei út ein te setten en achternei in pronkje
yn´e kast fan it ûnthâld. Tuskentiids skriuwt it mystearje fan it ferhaal
himsels. Sa kin in reis in pear spannende haadstikken fan it libben yn beweging
sette. En al makket byldrike taal it ferskil, in reizger hoecht beslist net as
profeet iensum en allinnich in hillige berch te beklimmen of wanhopich sykjend nei ferlossing in slach troch de
woastyn te dwaan.
Lykwols... in
pear dagen útfanhûs of wat langer en in eintsje fierder fuort as it eachweid
rikt, dat liket fansels it meast op in echte reis. Net as toerist of op ien of
oare besite. Nee, leaver net oer âlde spoaren en berûne paden. It moat ek gjin
plicht of in stap út ferfeling wêze, lit stean in flecht foar gefaar. In reis
moat de reizger oerkomme. Hy moat blynseach oer ûnbebane diken doarmje. It
wêrhinne docht der net ta, likemin as it wêrom. In reis sûnder klok of kalinder
mei it ferstân op nul oer in blanko kaart is de tiid graach de baas.
Likegoed is in
reis hast altiten in idee dat in plan wurdt nei dat der in beslút naam is. It
is net oars! En in reis tariede betsjut yn´e regel oer it ynternet brûze, boeke
en bankiere. Dan pas kinne de grinzen geandewei ferlein wurde. Dan wurdt de
reis nei alle gedachten in nij haadstik yn it bestean. Op de fyts, mei de
trein, troch de loft, it jout neat hoe. By need mar te gean mei in pakezel de
ûnbeskreaune bestimmingen temjitte. Oeral dêr't ûnderweis de grûn genôch
hâldfêst jout kriget de geast wjukken. Om reizgje te kinnen as in skriuwer op
it tuskentiidske paad.