slûpe litte


Bluisterich strûpt de trein troch it lânskip. Ik ha myn plak fûn, in finster mei frij sicht en gjin praters njonken of foar my oer. Yn 'e rûs fan de passive beweging jou ik my del en driuw dreamerich fuort op in tiidleaze stream. Foarearst giet it ien kant út, streekrjocht en op it skema fan it spoar. Achter it spegeljende glês wikselet de griene stilte him út en troch ôf mei de echo op dôfhûdich bakstien en beton. Inkeld it izer op izer rattelt op guon plakken as in karre op in klinkertdyk. It giet hurd, sa't de trein alles deun op it spoar foarby jaget, hurder as de auto´s op de dyk. Op in stuit ride de feninige blikbakjes op tsjillen likehurd parallel mei it spoar mei, mar al gau moatte se belies jaan. Ik waan my de winner. Krekt as lis ik foaroan yn in race en sil ik mei grutte foarsprong as earste oer de streek komme. Noflik lit ik in ûnwennich gefoel fan macht oer my hinne komme. It hege tempo hat my noch mear te fiter. Mei de eagen ticht wachtsje ik fergees op de ferrifeljende fertraging fan in fleantúch dat los fan de grûn rekket. It spoar as startbaan, dat kin elke fantast betinke, of it moat freudiaanske gedachte wêze. Underbewuste ferlangens om boppe alles út te stigen. Mar dy sensaasje fan alles slûpe litte hâld ik noch te goede. Want al bin ik op reis, ik bin noch altyd net echt fuort. Ik ha my noch net losmakke. It is inkeld in besykjen. Ik klamp my allinnich mar oan it tempo fan de trein fêst om net werom te hoegen. My tinkt it is de oergong, in faze fan twivel en ûnwissens oer wat der komme sil. Dêr moat elke reizger trochhinne.