Net te leauwen, sa bysûnder as in kuier lâns de
orizjinele gedachtewrâld fan in oar wêze kin. Ik doel op de útstalling fan in
unike kolleksje skilderijen en objekten, allegear spannende betinksels fan in selekt
tal keunstners dy't it ferstân fan de foarbygonger mei harren ynderlike
driuwfearen kidelje en ferbjusterje wolle. It docht dan ek gjin nij dat sok
geastferromjend guod in reis nei Amsterdam de muoite tige wurdich makket.
De doar nei de wrâld fol ekspressive, iepenbiere
keunst op it Museumplein hat jierren sletten west, mar koartlyn gong de boel
gelokkich wer fan't slot. Dat wa´t him graach ferwûnderet oer hoe't ferburgen
saken fan de minsklike geast har dêr omraak oppenearje, kin der lang om let wer
syn gerak krije. Yn it fernijde Stedelijk stiet, hinget, klinkt en beweecht in
weareld oan ferbazing. In besite is as baaie yn in grutte, wite tobbe fol
ferbylding. Alles wat der útstald wurdt toant it libben yn in diminsje dy't
fierder giet as inkeld samar wat oerflakkige ideeën. Mar tink der om, sûnder fantasy
hat de reis der hinne gjin sin. Want wat it each dêr waarnimt ferget begryp en
in iepen blik fan it foarstellingsfermogen. De besiker moat in ûndersiker fan
it ûnbekende wêze. De besiker moat net benaud wêze, mar nijsgjirrich nei wat
bûtenwenstich is. De besiker moat him yn dy tobbe fan de ferbylding ûnderdompelje
litte as in ûnleauwige yn de Jordaan.
Alles wat nuver is wurdt yn´e regel noch frjemder ast der
raar fan opsjochst en dat makket de ûnderfining mei moderne keunst oangripend
en meislepend. Wat mâler, wat moaier. Wat skikke en ploaie mei de boargerlike
moraal kin dan ek gjin kwea. Dan wurket de yllúzje fan de keunst it bêste. Dan sil
it beklibje. Dan wurdt de wrakseling in oerwinning.