Omheech is de
ferdjipping boppe it libben. Net ûnberikber wie myn ûnderfining. It like op
fleanen doe't ik út ´e hichte delseach op in lytse wrâld. It wie lykwols gjin
flecht, in hiele klim kinst it ek net neame, teminsten ast lykas in pakje yn in
bakje streekrjocht nei hûndert meter hegerop sketten wurdst. In hichte dy't my suver
wat licht yn 'e holle makke. Deselde holle dy't fernuvere yn 'e fierte om him
hinne seach. Oeral yn 't rûn lei it fertroude lân: berûn, befytst en mei de
snikke befearn. Fier wie lykwols net sa fier as ik tocht, want achter de hege, glêzen
muorren die wer bliken dat romte bûten likegoed as binnen grinzen hat.
Omdel is de
ferdjipping fan it bestean. It gong nei ûnderen ek hurd. Ik stie yn in sucht op
de begeanbere grûn en koe sûnder tûkelteammen wer alle kanten út. Oer it
skouder seach ik noch even by it glêde fjouwerkant omheech. It moderne kastiel
stiek as in beaken yn 'e loft, mar eage ynienen in stik minder heech. Foar my
seagen twa blanke, yn harsels kearde berneholtsjes inoar swijend oan. Swier neitinkend
oer in wiffe takomst of neatsizzend yn gedachten oer it heden. In ferlichtsjende
damp waaide súntsjes by har del. Mei de holle yn de wolken kinst ek oeral yn 't
rûn sjen tocht ik, it is mar krekt hoest it besjochst. Yn de mist is fansels wer
in oar ferhaal.