Ast fan
fieren komst, dy in skoftke deljoust en dan wer fierder wolst.
Ast it
ljocht daagjen sjochst boppe it lege waad, it dyklân en de dunen.
Ast op´e
wjukken giest, dêr´t de romte dy'tst sikest yn´e fierte wankt.
Dan witst
datst fierwei kaam bist, mar de reis derhinne gjin útflecht is.