Ien
prikje, samar klear, mar doe wie it ôfwachtsje wat der fan komme soe. De prik sels
die net sear. Se hie dy deis al santich dien, sei de prikster, dat ik siet der
ek net oer yn. It gong der fansels foaral om hoe’t it my oer de lea gean soe. By
guon koe it nuver beteare. Yn de bysluter
dy’t ik krige, lies ik wêr’t ik mei rekken hâlde moast. Dwilens, pineholle, koarts!
Byferskynsels dêr’t ik net op siet te wachtsjen, dat ik joech my jûns bytiids
del.
En pakte it ferkeard út? Krektoarsom! Healwei de nacht bedarre ik yn in dream,
in rûs of faaks in hallusinaasje? It wie yn alle gefallen gjin koarts. Wier,
wier, ik liich der net om, it wie bjusterbaarlik. Ik koe fleane! Ik fleach as
in ûntsnapte fûgel de frijheid temjitte. De wrâld lei ûnder my. Ik skearde
yn dûkflechten oer de beammen as sieten se my nei. Ik sile oer bosk en lân, se
koenen my net krije. Ik sweefde as in drone boppe giele greiden fol mei
hynsteblommen en ik liet my gean. Fleane is ferrekte moai wurk!
Sa sit je jier op jier thús en sa bart der nochris wat. It spite my tige dat ik
wekker waard. Gelokkich noch wol yn hegere sfearen en dan joust dy noflik wer
del. Wat letter waard it noch gekker. Ik wie op in grut feest en gjinien hie in
masker op. Dat feest hie om my net hoecht. It wie my te drok oan ’e holle. Ik
gong der even ôf. Doe’t ik de
eagen wer tichtdien hie, reizge it my noch
troch de holle. Skande tocht ik, al dat folk dat bang foar sa’n
prikje is, wylst der safolle wille fan ha kinst. Skande ek, dat ik wiken en
wiken wachtsje moat op myn twadde shot om wer fleane te kinnen.