De soele sudewyn wisket de bûtendiken fan de Feanhoop,
tusken de tuorrebouten
stoareaget in reager yn de sleat,
op it haailân stapt in happige
earrebarre suver oer de foet,
wylst op it núnderpaad
it stof fan fytsers de wrâld yn stood.
Troch de laaiblauwe
loft skeart lûdroftich in eskader guozzen,
mei foarop ien út it
spoar dy’t in missing man fly-past docht.
De blikken Herkules
bemealt de krite mei in skjin fermogen,
sa’t it universum faaks
draait op kosmyske wyn en stjerreljocht.
Soms hellet my in
trekker yn mei in reade bûsdoek oan de spegel,
of ik moat wike foar elektrysk
oandreaune âlderein mei in helm op
dy’t as in ferslein
leger fergees flechtsje foar it net te kearen lot.
Toarstich bestel ik in
fleske drinken op it terras by it Polderhûs,
dêr’t ik ynienen tinke
moat oan groeisume reinwetterdagen
en de tiid doest noch
reade of blauwe Rivella bestelle koest.