Feroaring fan ljocht
Foar dejinge dy’t dit lêst
sil it wol werkenber wêze
hoe’t de tiid stiekemwei
wer mei it oerpigmint
de wrâld in beurt jûn hat.
Dy stiet geandewei grif wer
fersteld hoe’t it farske grien
tierich om ús hinne ferskynt
en it reveil fan de kymjende
Wâlden syn ear oan docht.
Alle beammen binne besiele
troch de geast fan de natoer,
holpen troch bliere fûgellûden
yn de iere nêstferskûljende,
beklaaiing fan de keale tûken.
De bjirk bygelyks, fynsinnich
licht beplakt mei pixellytse
glinsteringen, hiel oars as
de stobbewylch mei syn wat
rûge toai fan in swankebast.
De noch slommerjende iik,
pronkjend mei in rûge stam,
is hast ek al like fyn fersierd,
as wie er mei mos beklaaid,
wat syn statuur net misstiet.
It bertestôf fan de tiid hinget
noch sliepperich yn it hier
fan mannich treurjende wylch,
eardat se op de stille hôven
út de dea ta libben komme.
Stânfêst op harren fuotstik,
blinkt op de trochluchtige
krúnen fan skonkige ipen
de ferware koperen glâns
fan in âlde keningskroan.
En as in jas mei in protte
wite knopen skine kastanjes
it frisse grien moai by mei
blakerjende kegelblommen,
dy’t se parmantich showe.
Yn de sleatswâlen strekke
brike en fertize elzebeammen
ûnfersetlik de houterige lea,
as soenen se it nei it ferstrûpen
hastich op in rinnen sette.
De bûk: primus inter pares,
dus út soarte net de minste,
bûgde ek net foar de winter
en lit syn sêft rûzjende blêdte
al as in breidskleed hingje.
Lit ús de hagetoarnen net
ferjitte, dy’t it ile grien even
mei wyt ferwikselje en dan
as de djoerste diamanten
yn de sinne stean te skitterjen.
Sa waait de Maaie al betiid
mei it lûd fan de iere klyster-
serenades oer de Wâlden.
En sa feroaret jitris it ljocht
fan de tiid yn de beammen,
dy’t lykas de kleuren ek wer
fierstente fluch ferfljocht.