Novimber



Ien en mien

Der stiet in beam yn de hjerst
tusken in boskfol kleurige sibben
yn in readkoperen staasjekleed
te wachtsjen op de winter.

It is in bûk of miskien wol in iik,
yn de neidagen fan it jier lykje
beammen wol in bytsje itselde,
net oars as âlde minsken gelyk.

Yn it publike, houten domein
besiket er him fergees te fersetten
tsjin it benearjende tiidsgewricht
fan de klimatologyske transysje.

Dat er mei syn ekologyske fuotleast
op in wankeljende skonk stiet
hat er gelokkich net yn ’e gaten,
net oars as de minsken gelyk.