Heit hat hjoed syn jierdei,
alteast, dat hie sa wêst
as er even weromkomme koe.
Dan seach er grif hoe’t it libben
hjoed de dei sûnder him
folslein feroare wie.
Dan soe er fêststelle kinne
hoe’t der in stoarm fan haat, hetze
en hebsucht oer de wrâld hinne waaide.
Soe er dan tinke oan dy tiid
doe’t gjinien frij sizze koe wat er tocht
omdat de buorlju net te fertrouwen wienen?
Soe er dat wer oer him hinne komme litte
moatte en krekt as doe in finzene wurde
fan de fasisten dy’t de macht oernamen?
Soe er dan op ’e nij yn it gewear komme
tsjin de wapens fan in ûnderdrukker
en fjochtsje foar de frijheid?
En soe er no stimme foar in wrâld mei romte
foar respekt, tolerânsje en solidariteit?
It soe samar kinne, as er it koe.
