mobyl

Beweging is feroarje fan plak yn de tiid. It gean om it gean en om ergens oan te kommen: dat beweecht ús wêzen. De ierde draait, de sinne baarnt en it hielal waakst einleas yn de romte. It bewegen om it bewegen. As in motor dy't altiten rint en de tiid bringt dêr't wy nea komme. Wêrt it hinnegiet witte we net. Dat is it keunstje fan de ivichheid. Dêr kinst fan alles fan tinke en noch mear fan sizze, mar de tiden feroarje, dat feroaret net. Dêr is  ek al genôch oer skreaun. Wurden binne gjin iepenbiering. Der is gewoan neat tsjin yn te bringen. It is de tiid sels dy't it him docht. En it minskdom? Dat stiet ek net stil. Altiten yn beweging. Oarloch en frede. Revolusjes en rampen. Folksferhûzings en al of net demokratyske ferkiezingen, om mar ris wat te neamen. Wêrom? Dat soest wol ris witte wolle. Wa' t it by de ein hat hoege we ús net ôf te freegjen, mar wol 'wat'.  Wat is it, dat de gong der yn hâldt. Wat beweecht de beweging? Wat foar motor driuwt dy mâle krachten. En as der dan gjin rem op sit, wêr sit yn 'e frede dan it stjoer? 

in begjin


Ik waard wekker yn in fleantúch, it wie healwei de nacht. Der klonk muzyk djip ûnder út de keamer, en stimmen dy´t wat te sizzen hienen. Mei de eagen ticht beharke ik lykwols de stilte. In skoftke letter knipte ik it ljocht oan en beskreaun wat der barde yn in boek. Dat ik fleach en tagelyk wat spyljen hearde. De blues fan de lette stilte, yn it ritme fan it hert. Slachwurk dat tusken de rigels troch de tekst as dimjend fjoerwurk yn de fierte stipe. Doe pas seach ik de bylden dy't ik heard hie helder foar de eagen. It begjin om mei út ein te setten.


it sop


Keunst is mear as in blik tomatesop, ek mear as de 32 ferskillende smaken dy't Warhol noch sels mei de hân op it doek skildere hat. Sopsoarten dêr't sommige minsken net iens fan witte dat se bestean. Keunst is mear as sop dêr't men gjin aan fan hat hoe't it smakket, omdat men it noch noait earder preaun hat. It sil stean bleaun wêze, omdat gjinien it priuwe woe of priuwe doarde. It falt ek net ta. Der binne guon dy krije it gewoan net troch de strôte.
Want keunst is mear as wat de pot skaft. Gâns mear as altiten itselde soart sop dat elkenien wol lekker fynt, sels mear as it sop dat hjitter is as er opskept wurdt. Keunst is in kulinêr gerjocht makke fan yngrediïnten dêr't de measten net fan witte dat se der sop fan siede kinne. Keunst is in foargerjocht, in haadmiel en in neigesetsje tagelyk. It is de spesjaliteit fan in masterkok. Keunst is libbensop. Set de leppel der yn en lit it smeitsje.   




skiednis

Derút giet yn´e regel flotter as deryn, dat wie myn ûnderfining dêr doe ek wer, doe´t ik it lân ferliet. De fleanfjild rûtines ferrûnen flot. Wol mei de riem út de broek, op sokken troch de sken en alle ynhâld út de bûsen yn in bakje. Ek it: hannen omheech, foar dy sjen en knippe naam amper tiid. Op 'e longfoto by de spesjalist duorret langer. It fûillearjen wie foar de feroaring gjin hânwurk, mar waard mei in elektroanyske stok útfierd. Even ûnder de oksels by de mouwen del rûtse, dan nei ûnderen en by de ankels wei binnentroch omheech nei it krús. Ik liet it moai gewurde. It is ek net ferstannich en sis der wat fan. Hielendal net yn in lân dêr't populistyske mieningen ek al lang swierder lykje te weagjen as arguminten. Unwillekeurich hâldst wol oeral rekken mei. Ik hie 't my sadwaande wer goed oan tiid dien. In slach oer 5th Avenue hold ik moarns koart. Al kaam dat ek troch de drokte by de hege toer fan de presidint-elect. Dêr wie hast gjin trochkommen oan. Elkenien woe it gouden bolwurk sjen.  En de oandwaanlike protestearjende famkes. Swijend, as stimmen se mei har yn, rûn it folk der wat ferdwaasd by del. 'Keep walking! Keep walking, skandearren in pear polysjemannen fan it heale korps dat rûnom nonsjalant achter de hikken stie. Ik makke wat foto's. Dat dienen de measten by dizze nije attraksje. Filmploegen ynterviewden omsteanders. Wa fan de foarbygongers soe hjir bliid wêze, frege ik my ôf. Oan de gesichten te sjen net folle. Keep walking, dreunde it yn myn ear. Ik fielde my mear in bûtenlanner as de dagen derfoar. Mear as op alle oare reizen dy't ik diskant oer makke hie. It fielde as stie ik op in lege bledside fan in wichtich nij skiednisboek.  

oer de mjitte






"Doe, lang om let, lûk eat syn each: muorre nei muorre, kantiel nei kantiel, swart, net te mjitten sterk, berch fan izer, poarte fan stiel, spikerhurd, hy seach it: Barad-dûr, it fort fan Sauron.  ( út LOTR fan Tolkien)

bylden

the immegrants


Yn byld brocht. Taal fan de ferhoalen wurden. Emoasjes dêrst wurden foar sykje moatst. Dy taal fynst yn it stof fan de stêd.


 Grump

Hjoed

Konflikt is fertier en de aktualiteit spikerhurd. Kranten tekenje de razende tiidgeast yn in agressyf alfabet. Moard en brân yn kapitale letters. Minsklik lijen yn fet swart wyt. Nee, it is net inkeld argewaasjenijs. De politike point en shoot tusken in frou en in man is in hit. It is hjoed E day. DE DEI. Down town binne se der mei de franje op klear. It is krekt as bin ik tsjûge fan in armageddon tusken twa partij-titanen yn in lân dat skoddet op syn demokratysk fûnemint.
As bûtensteander, dy't even yn Harlem tusken de blues delstrutsen is, ha ik gjin stimrjocht yn dit barren, mar as omsteander tink ik der wol fan alles fan. Lit ik myn stim mar as beskriuwer sûnder erch en doel brûke. Al falt dat net ta. Want wa wurdt it? En wurdt it dan oait yn dit lân noch wol wer wat? Of giet alles moarn wer gewoan syn gonkje en rêdt it him fierder ek wol wer?


hjerst

Eartiids - sis mar yn de maaie fan dyn libben - seachst daliks oan de titel fan in boek datst it al ris earder lêzen hiest. Mei it opsleine byld fan it omslach wie de biblioteek yn dyn holle noch makliker te ûnthâlden. De kâns datst foar de twadde kear oan itselde boek begûnst wie dêrom frij lyts. Sa kaamst boek nei boek fierder troch de tiid fan dyn lêzend bestean. Dat soks op en doer feroarje soe stiest net by stil.  It kearpunt slûpte der lykwols stadich yn.  Op in stuit naamst by in nijsgjirrich âlder eksimplaar  twiveljend earst de tekst op it kaft ris goed yn dy op. Kaam it dy bekend foar? It like wol in hiel oar omslach. Wer wat letter - sis mar wat fierder as healwei de lêswille fan in lange simmer - moast by in oantal boeken earst troch haadstik ien hinne. Hiest de nammen faker sjoen? Inkeld begûnst ek oan haadstik twa, om it ferhaal wat better thúsbringe te kinnen. No is it bytiden al safier datst folslein troch in boek hinne moatst en stel nei it lêste haadstik fêst datst it earder lêzen hast. Of net? Wer dy twivel. Dat seit dan wol wat. Dan is it hjerst. Dan kinst foar de winter moai wer op nij begjinne mei al dy ûnbekende boeken dy'tst yn de kast stean hast.