Keunst is mear as in blik tomatesop, ek mear
as de 32 ferskillende smaken dy't Warhol noch sels mei de hân op it doek skildere
hat. Sopsoarten dêr't sommige minsken net iens fan witte dat se bestean. Keunst
is mear as sop dêr't men gjin aan fan hat hoe't it smakket, omdat men it noch
noait earder preaun hat. It sil stean bleaun wêze, omdat gjinien it priuwe woe
of priuwe doarde. It falt ek net ta. Der binne guon dy krije it gewoan net
troch de strôte.
Want keunst is mear as wat
de pot skaft. Gâns mear as altiten itselde soart sop dat elkenien wol lekker
fynt, sels mear as it sop dat hjitter is as er opskept wurdt. Keunst is in
kulinêr gerjocht makke fan yngrediïnten dêr't de measten net fan witte dat se
der sop fan siede kinne. Keunst is in foargerjocht, in haadmiel en in
neigesetsje tagelyk. It is de spesjaliteit fan in masterkok. Keunst is libbensop. Set de leppel der yn en lit it smeitsje.