the Stones
Ouverture
Dêr't it ljocht begjint
dêr leit de see,
de plasse dy't noch nuet
as in wiet skilderij
op de takomst wachtet.
Wylst wurdt it seisoere
libbensljocht oertroffen
troch it seisoerefûgellûd,
nei in djipdreamde stilte
fan in deatsjustere nacht.
Maaie op it Amelân.
Eilân fan it dageljocht.
Casa
Ik bin in hûs fol wurden,
mei muorren fan letters
en samar in taal as fûnamint.
Fan finsters ha ik gjin ferlet,
inkeld in doar kin ik wol brûke.
In doar sûnder drompel
dy't nei in thúswrâld iepenslacht
en myn gedachten frij reizgje lit.
wêrom
rigelfêst
foarnimmen
de beam
Desimberbeam
in graatbehimmele gestel,
dat as in foargoddelik beaken
lang noch
net belies jaan sil.
stiet er skrep en iiswinterfêst
ûnferskillich alles
oereagjend
hoek te hâlden; mei
stege wil.
de stjerren binne syn kearsen
fan ferlet en heidenske
sillegens.
kin syn gebiente bliede
litte,
dan stjert syn siel in iere
dea.





.jpg)

