It Ark
Ik skriuw noch wolris
mei in potlead of in pinne
tusken de punt fan de tomme
en de wiis- en middelfinger.
Sa skriuw ik dan alle letters
losjes út de hân; net yn Arial
of Times New Roman, mar
yn myn stive hoannepoaten.
Dy skriftlike taalmanier
fynt yn ’e regel sekuer
en rigelfêst syn doel tusken
de lyntsjes op in stik papier.
Mei dat âlderwetske ark
skriuw ik better wat ik tink,
omdat de wurden dan pas echt
wurde wat se wurdich binne.