kaap noard

altiten fierder wolle

sa fier ast sjochst



mar it net kinne



dat sit inkeld yn´e holle


spegelskrift

Ik lês in roman. Farsk printe. Geef Frysk. Knap skreaun. Nei it earste haadstik naam it ferhaal my daliks mei. Minsken fan fleis en bloed. Relevante relaasjes. In ûnderhûdse striid en de dialogen ha my yn 'e macht. Is it dan in goed boek? Ik soe 't fan tinken wol ha. Al wit ik op dit stuit noch net hoe't it ôfrint. 
Der is lykwols mear dat my yn´e besnijing hat. Stel dat it ferhaal earst yn it Nederlânsk skreaun is. It kaam ynienen by my op. En stel dat de skriuwer it boek sels nei syn memmetaal, it Frysk, oerset hat. It soe my net fernuverje dat soks wolris bart. As eksperimint? Of as in nije trend? En kin dat dan samar sa? Want wat docht dat mei it ferhaal? Faaks dat de taal wat twaslachtichs kriget. Mis ik as Frysk lêzer dan net wat? Faaks binne de karakters net hielendal wat se wêze moatte. En kinne kritisy der wol oer? Men soe tinke dat it ynfloed op de resepsje hat. Faaks hat de skriuwer himsels en syn lêzers te pakken. Of falt dat wol wat ta? No ja, hoe dan ek, wol ik lêze wat sok spjalten spegelskrift my te fertellen hat, ik sil it de romte jaan moatte. Dan falt alles - as it in goed boek is - grif wol op syn plak.


keunsttaal



fierder



Fierder gean en achterlitte. Noch ris oer it skouder eagje en dan fierder sjen. Dêr tuskenyn sitte mar inkele wurden. Goodbye! Take care! Oant sjen! Petearen fan langer lyn binne al hast ferhalen wurden. Sterke stikken miskien. As âlderwetske foto's yn in album grif it bewarjen wurdich. Mar earst fierder sjen en wer frjemdling wurde. Anonym yn in bjusterbaarlik loftspoar oer âlde grinzen. Reizger yn nije ferhalen.

Mienskip?

     



Se wienen der earder: de earste minsken yn it lân fan it âlde folk. De bewenners fan in erfskip dat har oan har mienskip bûn. Se wisten wa't se wienen. In autentike taal siet har yn de genen. Grutskens yn har bloed. Se namen wat de natuer har skonk en dronken út mistike libbensstreamen. Minsken dy't har oarreheite en memmedreamen seagen yn in web fan triedden dat yn it hout ferside siet.

Doe kamen de wite minsken. Har tiid naam it folk te pakken. No binne it de toeristen dy't geasten sjogge


fiersicht













Wat docht in berch oars as inkeld stean dêr't er stiet, wachtsjend op it momint dat de wrâld fergiet? Wilens beklimt de mins syn pyk, sjeest oer syn wite flanken nei it dal, fleant der heech oer hinne, feecht der mei in rappe wein yn'e fierte op grutte ôfstân by del, of ferwûndert him yn in loaie stoel oer it sicht op de demoanyske macht dy't de âlde slieper djip ûnder de ierde al mear as tsientûzen jier yn him hat. Wat docht dat mei in berch dy't wachtet oant er wekker wurdt? Grif net folle. Syn tiid is net ús tiid. Wat kin him de minsken skele. Hy docht wat er docht, wachtsjend yn de ivichheid. Wilens draait en draait de wrâld syn rûntsjes om de sinne. It docht dy wat mankelyk tinken, wat is myn tiid noch wurdich, wêr giet it hinne?