bining

 

WETTERGEA  

Dêr’t de seilen stjoer sykje

en it helmhout dat altyd jout,

dêr’t de skoaten bespile wurde

en in skip of boat in skûtsje hjit,

dêr jildt de natuerwet fan it waar

ambivalent feriene mei silers.

 

It is de Fryske wetterwrâld,

de habitat dat fisk en fûgel fuorret,

dat ferdampt en ek wer delkomt,

dat opwaarmet en as iis bestjurret,

dat jin talaket, dochs soms ferblinet.

 

Dat wetter, dat fret jûns it sinnefjoer

en lit it moarnsier of let wer skine, 

it wettergea dat we net misse kinne, 

dat likegoed ek lân en mins fersûpt,

mar ek de wille fan it swimmen skinkt,

lykas de feromming fan it silen.

 

Wetter en wyn skypje weagen,

foar each en ear in grut fernoegen,

jouwe driuw oan djippe langsten

yn in ferankere bining mei it wêzen.





grien

 


SIMMERGRIEN

It grien is ûnferbidlik prûs
en skrúten tagelyk, in lânskip
as in iepen bosk mei omheinde
stille greiden, mûtel fan aard
dochs likegoed net al te dimmen.

It smûke grien eaget soms wat donker,
en inkeld ek wol bleek en fersketten,
mar altyd ferbrekt it syn eigen skaad
as in skildereftich natuerlik wûnder
fan clair-obscure effekten.

It trinten ljocht is boartlik, it stipet
in musikaal palet fan toan en tinten
mei de tûken en de risseljende blêden
yn it labyrint fan kante rigen beammen.

Griene beammen, heech en leech
as minsken smel en breed: iken, bûken,
bjirken, elzen en hagebeammen,
dêr’t de eksters kreauwe mei de dowen
en de klysters útbundich sjonge.

It grien fan de Wâlden is simmers
fan in wrâld dêrst dy sûnder it each
op de kime folslein thúsfiele kinst,
sels ast der net hikke bist en tein.