grien

 


SIMMERGRIEN

It grien is ûnferbidlik prûs
en skrúten tagelyk, in lânskip
as in iepen bosk mei omheinde
stille greiden, mûtel fan aard
dochs likegoed net al te dimmen.

It smûke grien eaget soms wat donker,
en inkeld ek wol bleek en fersketten,
mar altyd ferbrekt it syn eigen skaad
as in skildereftich natuerlik wûnder
fan clair-obscure effekten.

It trinten ljocht is boartlik, it stipet
in musikaal palet fan toan en tinten
mei de tûken en de risseljende blêden
yn it labyrint fan kante rigen beammen.

Griene beammen, heech en leech
as minsken smel en breed: iken, bûken,
bjirken, elzen en hagebeammen,
dêr’t de eksters kreauwe mei de dowen
en de klysters útbundich sjonge.

It grien fan de Wâlden is simmers,
fan in wrâld dêrst dy sûnder it each
op de kime folslein thúsfiele kinst,
sels ast der net hikke bist en tein.