de beam

 


Desimberbeam

 Untblêde is de beam neaken
in graatbehimmele gestel,
dat as in foargoddelik beaken
lang noch net belies jaan sil.

 Sels troch it klimaat ûntbleate
stiet er skrep en iiswinterfêst
ûnferskillich alles oereagjend
hoek te hâlden; mei stege wil.

 Falsk ljocht sil him net pleagje,
de stjerren binne syn kearsen
fan ferlet en heidenske sillegens.

 Inkeld in bile of keatlingseage
kin syn gebiente bliede litte,
dan stjert syn siel in iere dea.


tiidsferrin

De ferwachting fan it tiidsferrin falt wachtsjend altiten tsjin. Alle kearen wer. Altyd as ik moarns ergens ûnderweis ree bin om wer de doar út te gean en fierder te reizgjen, bin ik fierstente te betiid klear. Meastal in kertier. Sawat. Alle kearen wer. It is in doelleas skoft dat needsaaklikerwize net nedich is, mar dat dy wol geregeld yn de besnijing hat. Wat dochst dan... ast de tas al ynpakt en de jas oanlutsen hast. Dan sjochst nochris om dy hinne. In hotelkeamer neisjen by't ôfreizgjen is net folle wurk, mar wol wichtich. Wer ûnder it bêd sjen? Nee! Net dwaan seist tsjin dysels.
It horloazje en de telefoan rinne noch hieltiten lyk, docht op ’e nij gelokkich bliken. Fielst dy de bûsen noch ris nei en giest noch ien kear nei it hûske. By’t hânwaskjen sjochst yn de spegel in man stean dy't wat bestimmingsleas is. In Einzelgänger en in Wanderer, of in Ausreiter miskien. Dy man wit dat er noch in protte kilometers reizgje moat. Hy wit ek dat er graach noch gâns wat kilometers meitsje wol. Al wit er net at syn takomst noch folle takomst hat. De ferwachting fan dat tiidsferrin falt soms ek tsjin.
It paad nei it stasjon is net fier en yn alle gefallen in útgongspunt fan in nij begjin. Hy lûkt de doar achter him ticht, jout it kaaikaartsje by de resepsje ôf en set de stap der yn. De telefoan, syn digitale identiteit as kompas fan ôfstân en tiid, stevich yn de hân. Wat switterich komt er by it stasjon oan. Moai op tiid. In foech kertier.


frij

 


skeind


De skientme skeind

Bluisterich jaget de wyn
wiete pûsters oer it lân,
op in túnpôle rûgelje
ripe appels út de beam.

Ikels knappe as aaien
ûnder de autobannen,
it is healwei oktober,
hjerstwaar yn ’e Wâlden.

Ljocht brekt de loft,
de sinne glimket, it lânskip
wurdt in swiid sjenrestik
út de tiid fan de romantyk.

Dan ferstjert de idylle,
mei poerrazend wanlûd
jeie fjouwer F-22 Raptors
as in folslein squadron
oer beammen en wâlen.
It is ûntiid op’ e wrâld.

beret

Prêt à partir

It is de ein en it begjin dêr't
de bestimming iepen leit nei
frjemde en bekende oarden
oer in doelfêst útlein labyrint.

Fan de see nei it fierste lân
hinne en werom giet it oan,
stream op en stream ôf nei
in wachtsjend spoarstasjon.

It reispaleis foar de minsken
dy’t beret en moai fuort
wat omtoarkje yn har tinken,

of sûnder retoer op ’e flecht
de lêste trein tusken hope
en kleare wanhoop nimme.



postludium



It libben allyk

earder nacht 
en letter dei

kimendize
wifelljocht

wetterwaar
mei tsjinwyn

fûgelsang
yn mineur

postludium
fan fitaal ferfal

simmer is lang
om let september
wurden

hjerst,
we komme 
der net foar wei

 

Retrospektyf



De soele sudewyn wisket de bûtendiken fan de Feanhoop,

tusken de tuorrebouten stoareaget in reager yn de sleat,

op it haailân stapt in happige earrebarre suver oer de foet,

wylst op it núnderpaad it stof fan fytsers de wrâld yn stood.

 

Troch de laaiblauwe loft skeart lûdroftich in eskader guozzen,

mei foarop ien út it spoar dy’t in missing man fly-past docht.

De blikken Herkules bemealt de krite mei in skjin fermogen,

sa’t it universum faaks draait op kosmyske wyn en stjerreljocht.

 

Soms hellet my in trekker yn mei in reade bûsdoek oan de spegel,

of ik moat wike foar elektrysk oandreaune âlderein mei in helm op

dy’t as in ferslein leger fergees flechtsje foar it net te kearen lot.

 

Toarstich bestel ik in fleske drinken op it terras by it Polderhûs,

dêr’t ik ynienen tinke moat oan groeisume reinwetterdagen

en de tiid doest noch reade of blauwe Rivella bestelle koest.  






Âldermans aksje

Ik socht, seach oeral,
gong alles goed nei,
de eagen krigen har gerak
oer guon nije, meast âlde
alderhande rêgen
fan tinne, tsjokke of midsmjitte
bondels, boeken en geskriften.

Ik rûkte, besnúfde alles,
gong oeral sekuer by del,
de noas as in warbere bij
mei in âldermans bril
deun op de longerige lucht
fan it spraakmeitsjende lêsbehang.

Ik fûn, befielde rûnom
begien en tefreden
it kaft, de siden,
de letters en de rigels:
de sinnen fan de gedichten
fan de deade dichter
en doe bin ik der by sitten gong.






Wodansiken

Bosk

Oerhout kreaket, ljocht
brekt yn it skimerskaad
fan in spoarleaze wrâld.

Tún fan benei oeral grien
ferstrûpt him by’t winter
    yn earnstige ierdetinten.   

Hûs fan alles wat rûnom
fljocht, fan ûnderkrûpers
en de grûnbûne fjochters.

Tûken en twigen kjirmje,
alâlde strampels smûge.
It kreupele hout wjirmet.

Toaid yn it stjerlike blêd
draacht bosk de jierren
mei ierdske swiertekrêft.

Wodansiken  Wolfheze


tekst

 

Tekst is fol fan tekens
mei lange of koarte halen
en soepele streken yn beweging,
it is in gearhingjend meganyk
dat as in keunstwurk in berop docht
op de eagen en it tinkfermogen
om ferbân te lizzen tusken
werklikheid en fantasy.

 Tekst is gjin statysk ding
dat noch nei rjochting siket,
mar in dynamyske konstruksje
dy't as in stjoer rjochting jout
yn de hannen fan de persoan
dy't de eigen koers betinkt.

 Tekst is in frame, dreaun
troch in keatling fan wurden
op in slingerpaad mei sydwegen,
krúspunten, brêgen en tunnels
en soms ek dearinnende stegen.

 Tekst stiet net stil, tekst fytst altiten
fierder nei de bestimming fan it sin.