Prêt à partir
It is de ein en it begjin dêr't
de bestimming iepen leit nei
frjemde en bekende oarden
oer in doelfêst útlein labyrint.
Fan de see nei it fierste lân
hinne en werom giet it oan,
stream op en stream ôf nei
in wachtsjend spoarstasjon.
It reispaleis foar de minsken
dy’t beret en moai fuort
wat omtoarkje yn har tinken,
of sûnder retoer op ’e
flecht
de lêste trein tusken
hope
en kleare wanhoop nimme.