sjen
De blik fan de keunstner sit tusken de earen. It is yn´e regel in blik dy't fierder eaget as de deistige gong fan saken en djipper as wat gewoanwei sichtber is. It is in blik dy´t it rom sjocht. De eagen sykje: freegjend en hifkjend. It binne skerpe eagen. Wat se opnimme brûke se om te skeppen. Kleur of foarm? It docht der net ta. Tusken de linen? It kin wol wat lije. Abstrakt of realistysk? It is mar wat it each sjocht. De ferbylding is net oan grinzen bûn.
Portretten binne dêr op gjin útsûndering. In
portret is in ferhaal op himsels. It is in tiidleas momint yn in libben ferline en in ûnfergonklik heden.
Yn de eagen fan it portret skimert de wrâld fan de keunstner. It is faak in
blik sûnder skrupules. De blik fan in
portret lit de eagen fan deaden sprekke en docht de libbenen tinken. Oer langst,
leafde en lijen. En fan dy trije faaks it lijen it measte. In slagge portret
sjocht streekrjocht yn de siel fan de skôger.
Wa´t dat net sjocht mist wat. Wa´t dat net
sjen kin is te begrutsjen. Wa't dat net sjen wol kin him in reis nei de grutte
solotentoanstelling fan Marlene Dumas yn
it Stedelijk Museum fan Amsterdam besparje.
fergees

Alle boeken foar ien euro it stik, of inkeld in pear sinten mear, somtiden leinen se sels al klear om fergees mei te nimmen.
Ruilje koe op guon plakken ek at it trof, sels sûnder it oerlizzen fan in rekkentsje.
Sa koe sawat elkenien wol wat fan syn gading fine.

In smite boeken oer fytsen, farren en iten. Romans leinen der ek by de rûs, lange en koarte, wol wat betommele mar noch kreas kafte.
Lykwols, alles meast yn it Nederlânsk.
It is fansels in aardige gedachte, dy negoasje fan bedrukt papier en suver om 'e nocht. It docht jin goed, mar it docht jin ek tinken...
Rare skiters
Tamme om te aaien en oars wol om op te
iten, wylden om te fangen en om op te sluten of se frette in oar as proai wol
op. Op it lân en de savannes, yn de bosk
en op de flanken fan de bergen. Kninen, kij, bearen, liuwen, oaljefanten, neam
mar op. It is foar de wrâld ûnmisber guod.
Oeral
fleane fûgels
Wjukjend yn de loft en oer de wolken, boppe
see en griene wâlden. Sjongers yn de beammen, balters oer de baren en op de nok
fan it dak. Earnen, kobben, mosken, swellen en protters machtich as de miggen. Frank
en frij. We sjogge der tsjin op en we kinne der net sûnder.
Oeral
swimme fisken
Kâldbloedich swinkend troch it swiet of
sâlte wiet. Ranke dûkers sûnder longen, glêde jonges, rappe glûpers yn de sleatten,
marren en de grutte dobben. Iel, snoek, hjerring, haai en walfisk .
Slachtoffers fan smoarge minskestreken, fjochtsjend leger tsjin de streamen op.
Oeral
sjochst ynsekten
In grut ferskaat fan lytse wûnders. Tûke krûpers,
hippers, wrotters op of ûnder ierdske lagen, swevers op de wyn, hoeders fan de
blommen. Mychhimmels, krobben, bijen, flinters, neefkes, tûzenen miljoenen,
safolle, tel se mar ris, it hâldt noait op en giet mar troch.
Oeral
binne minsken
Riken en earmen, roppers en razers. In
protte dôf en blyn foar rjocht en frede foar mins en bist. In protte sûpers,
fretters, smokers, spuiters, sjitters en alderhande oare rare skiters. Jong of âld,
wrede en minne, peste, fjochtsje, moardzje. Minsken, minsken, minsken, wêr moat
dat hinne?
Hjir
Hjir
Hjir
bist, hjir rinst stadich
op
in kaart beskreaun
yn
de taal fan dyn gedachten.
Hjir
kinst dysels as in oar
fine
yn in libben spoar
tusken
stien en beton
fan
in ierdsk fûndamint
dat
wachtet, dat waakst,
en
de tiid berint mei
mienskiplike
krachten.
Hjir
klinkt it lûd as in koar -
ûnder
it each fan de loft
is
de lucht dy suver oermachtich.
Hjir
giet de sinne syn gong
oer
de neakene hûd
en
wurdt it ljocht
as
in reinbôge besongen.
Ast
net better wist dan
soest
sawat tinke datst
de
nije wrâld foar dy hast,
Yn
dit katedrale rudimint
de
massa in wis karakter,
it
is gjin leauwe, mar ferstân,
dat
it ferskil yn it libben makket.
Beammen
bouwe gjin byntwurk
fan
wankele dreamen.
Ygdrasil´s
bern spanne de kroan
en
siedzje it sied oer it gea.
Stien
op stien op stien
wierret
de wierheid oan,
as
in berch yn in griene see.
Yn
dit hûs fan de romste tiid
lemieret
de ferwachting.
Hjir
fynst de wurden
om
it tinken te bepalen.
Hjir
garrest bylden en steapelest
mei
lege hannen nije lagen.
Hjir
witst datst it paad nimst
yn
in labyrint fan oerferhalen.
Hjir
bist watst bist en wurde silst.
Hjir
giest... hiel stadich...
stil is it
Stil
is it noait ûnder de linebeammen en op de pleinen mei platanen, maitiidslongen swier
fan blêd, altyd is der leven, yn de stêd fan mannich folken libbet de frije geast, stean de wurden de demoanen en barbaren nei it winteljen fan in tiid.
Ien folk, ien ryk, ien lieder, it is al lang foarby yn de stêd dêr't de boeken baarnden,
lykas letter de paleizen en de hûzen, doe´t it kwea yn de bunkers totaal ûntaarde en it fjoer fan
de apokalyps oer it minskdom daalde. Stil is it inkeld tusken de lange rigen kisten
fan grau beton en op de planken fan de lege boekekasten yn de kelders fan nacht.
Tinktekens, tinkstiennen, groeden, oantinkens en betinkingsmuorren fan de kâlde
goarre stean rûnom yn it folle ljocht. De deaden ha neat te sizzen, de libbenen
gean oer de wurden dy't ferhelje fan eartiids. Stil is it noait yn de stêd
dêr't de boukranen swaaie, knikke en as wjukken fan de earn oer de strjitten skaaie.
It libbet as in hert dêr't hammerjend yn de skachten wrotters frije spoaren ûnder
de grûn troch lûke. Libbensaders troch bestjurre lagen bloed. Nee, stil is it
noait dêr't de bodders nije slotten en kastielen bouwe, wylst busladingen frije
kultueren troch de strjitten dwale, ûnder de linebeammen en oer de pleinen mei
platanen.
Abonneren op:
Posts (Atom)
.jpg)






.jpg)