hjerst

SA GIET IT


Nim no de kleuren

fan in septemberjûn,

noch krekt net oerfallen

troch it tsjustere lot.


Alle giel, grien en read

gliert sûnder ferset stadich
út de aura fan it lêste ljocht

Gjin benaude rop om help, 

gjin knau of in flokwurd,

nee men heart se net.

Sa giet it, alles ferwilet,

it giet rap, altyd te hurd,

it is krekt as mei de hjerst,

it oerfalt ús as de nacht.




 

losbûke

 UNTHINDERE

Lavearje sille we,  

sydlings en skeanoer

hingjend oan in dream,

fêstklamme oan it roer.


Kliuwe moatte we 

as in alpinist yn ’e wolken.

om te sjen hoe’t de loft

him foar ús iepenskuort.


Underfine wolle we alles, 

fiele hoe’t de driuw 

ús mei in kontragewicht 

steefêst nei foarren triuwt.


En brûzjend balte

sil de wylde wetterfloed,

dy’t yn in bestindige kadans 

tsjin de boech bonket.


Sa dûnsje we ûnthindere

nei de wiffe kantelpunten

yn meiwierjende streamen,

losbûkjend fan it ferline.