Oer de IE



NEI ITHAKA

Sylde ik sykjend as Odysseus
yn in boatsje sûnder namme,
ik socht net om Ithaka, mar rekke
fersyld op de Fryske marren.

Ik hiet nammeleas ’nimmen’
en mei help fan Poseidon
sylde ik ûnder skieppewolken
doelleas sykjend nergens hinne.

Eolus wie myn reis tagedien,
dy skonk my út syn hannen
sekken fol mei golle wyn
om falske weagen yn te binen.

De heks Kirke, wat in wiif,
tûker as har bargen, woe
my fêstbûn grif betsjoene
om de wille en wat oar geriif.

Earne yn swier waar kaam ik
Tiresias de bline wytger tsjin,
dy’t my rêde soe út it faaie
tsjuster fan de djipste djipten.

Dêr’t Skylla har koppich ferskûle
tusken leidich dûnsjende reiden,
dêr ferbline Helios hast myn eagen
foar âljende Sirenen yn de seilen.

By Kallypso waard ik let en set,
mar ferwikseling is gjin Metamorfoze
en sa koe ik lang om let wer fierder
mei it grutte seil yn in heech ferset.

Eilaas, ik bin net dy silersbaas,
dy Ferwikseling is inkeld fantasij,
ik bin in betinker fan simpele poëzij,
Homerus koe it folle better as my.

Hawar, ik sylde dus net nei Ithaka,
dêr’t faaks ien op ‘nimmen’ wachte,
nee, as ik sile koe dan sylde ik
foar de wyn oer de Ie nei Drachten.