Hairst Hjerst Harvest
Novimber stekt de stikels op,
en beskriuwt it boek mei blêden.
Stêd en lân wachtsje op de winter,
Stêd en lân wachtsje op de winter,
mar de sinne skynt as wie it simmer.
It is de man blykber om it even. Súntsjes glimkjend
lûkt er oan de skouders en sjocht ta it rút út. Op dat stuit rydt de trein de
rige bolstiennen op de grins foarby. Unwillekeurich moat ik oan de snútslach
tinke dy't ik lang lyn krige om myn net al te geve Frysk. Soks bliuwt jin by,
benammen no't it skreaune wâldsjers eins ek net mear mei. Dy nuvere regeltsjes
yn in meartalich lân dêr't it klankferskaat hieltiten riker wurdt. Wêr binne se
bang foar? En wa is hjoed de dei noch in Fries? Of Drint, of Hollanner? Ik
meunsterje de man noch ris. Typysk sa'n hij sizzer en hy skriuwer kinst hast fan
tinken wol ha, al is it oan de bûtenkant fansels net te sjen. Wêr soe er
weikomme? Dan sjit de opmerking fan in bûtenlânske kunde my yn it sin. Sy fûn
dat ik Ingelsk mei in Frysk aksint prate. Dêr bin ik noch grutsk op.