kleur
Painted Lady
It farve famke
siket
nei kleur yn it
bestean,
it doel dat har libben
in bestimming jout.
Sa flinteret se grinsleas
en frij troch it fleurige
spektrum fan de
simmer.
Of binne it de geuren
dy’t har bewege yn
de
snuorje fan har syklus?
Hoe't it ek sit, ik hoopje
foar har dat se net wit,
dat har tiid wol grinzen hat,
foar har dat se net wit,
dat har tiid wol grinzen hat,
want it rint ommers
alwer nei ein
augustus.
âldheden
Smytst it ferline net
samar fuort,
sels net troch fersin yn in doaze,
bygelyks achter op de fyts ûnder
sels net troch fersin yn in doaze,
bygelyks achter op de fyts ûnder
de snelbiners nei
it stoart of de
omrinwinkel, dat
is my om it even.
Strún der marris
om, it is in grutte
opgarre bulte fan it
âlde heden:
it doe dat dien is
en ivich foarby,
dêr wol ik it
ferline net kwyt, ik
fyts mei myn doaske
de fierte yn.in lofsang
Dyn
lûd, dat as it liet fan de ierde klinkt
en
faak tenearenacht sûzet yn ’e earen
of
djip bolderet as flamjend himelfjoer.
Dyn
rook, dat op ’e lippen te priuwen is
en
him graach ûndertaastend opsnuve lit
om my
bolbjirken yn ûnstjoer te bringen.
Dyn
ljocht, dat oeral mei de wjerskyn
fan
ferheven loften op myn netflues daget,
dat
hat myn wrâldbyld ta libben brocht.
Wylst
ik op wjukken opdroegen waard,
seach
ik yn dyn spegel de oertiden lizzen.
Ik woe,
dat ik dyn takomst sjen bliuwe koe.
ús heidelân
Soleil Vivant
Monet socht it ljocht net yn ’e Wâlden,
dat by’t lemieren as in dimme see oer
ús romrofte heidelân leit en yn ’e rin
fan de dei rimpen oer de beamwâlen lûkt,
om jûns mei it opslûpene skaad as in
útdôve floed yn de skimer te fersûpen.
Oars hie er op it doek wol in ympresje jûn
fan in waarmgriene Maaie, mar net minder
fan blauwyt bepleistere simmerloften of fan
hjerstich, ûntheistere bosk en keale greiden
op in bestindige, sniewyt beripe winterdei
mei glûpend kâld trochwaaide grize tinten.
Ja, Monet hat it ljocht mist yn ’e Wâlden
en Vincent kaam net fierder as Drinte.
kearpunt
Net elke
bestimming
is it doel
datst sikest,
sa 'st ek net oeral
dyn bestimming fynst,
mar as de bestimming
al it doel wêze moat,
dan docht it plak
der amper ta,
omdat elk doel
dêrst dysels fynst
in bestimming is
dy't in thús
wêze kin.
yntrospeksje
Ik kaam mysels hjoed tsjin,
bûten stie syn fyts al klear,
hy rekke yn in twapetear
en dat wie my min nei't sin.
Wachtsje op in oar, der is neat
minder hat de tiid my leard.
Ik kaam mysels hjoed tsjin
en tocht: wêr silsto hinne?
Sikest noch in bestimming
of hat dyn loftfyts in lekke bân?
Dat is mysels ek wol oerkaam,
dan is it moed min te finen.
Ik kaam mysels hjoed tsjin.
romtetiid
We wurde troch de tiid sketten,
se sizze dat it mei in knal begûn,
hoe hurd en wêr’t it hinne giet,
dat wit gjinien, mar it skot is fallen,
we kinne net werom, dat is de wet.
We wurde troch de tiid ferrifele,
dy hâldt noait en nergens op: tinke se,
lykas de romte grinsleas wêze soe,
al is it wis dat we oait de ein fine sille,
allinnich wit gjinien wannear’t dat is.
We wurde troch de tiid ynhelle, sels
al fleane we in slach hurder as it lûd,
dat my tinkt, de romte dy’t we noch ha,
kinne we better mar goed benutte, ear’t
we ferdwine yn it grutte, swarte gat.
by't maitiid
Wylst
ik ûnderweis
yn de sinne
in hagebeam
blomkjen sjoch,
oerfalt my
de gedachte
dat ik der
op in dei
net mear bin,
tagelyk komt
my de winter
yn ’t sin
en tink ik:
soe de snie
dan krektlike
wyt wêze
as de
hagebeammen
as de
hagebeammen
yn maaie binne?
it ferskil
Safolle
boeken dy’tst noch net lêzen hast, sa’n protte dy’tst noch lêze wolst en dan ek
noch al dy masterwurken dy’tst noait lêze silst. It is krekt as mei in soad
plakken op de wrâld dêr’tst sa graach noch ris hinne wolst, mar dêr’tst nei
alle gedachten noait komst. It bliuwt der by.
Sels al leit dat gaadlike guod leidich binnen hânberik of kinst it
online en yn ’e boekhannel maklik besette, it binne en bliuwe suver ûnberikbere
bestimmingen.
Mei tiid hat it net folle te krijen, tiid om te lêzen is der mear as tinkst en mei dy tiid kinst talis meitsje. Faaks hat it wol wat mei it formaat te krijen, want sels al bliuwe dikke boeken dy lykas fiere reizen gauris langer en better by, se bliuwe as reizen dy’t hieltiten mar we útsteld wurde faak it langste lizzen. Net oars as wie in dik boek in swier te rissen lêst, dêr’t net elkenien de ein fan hellet. Sa’n boek dat amper lêzen wer mei nei hûs werom komt, mei de ferbrutsen magy fan it ferhaal noch yn it kaft ferburgen, as in ûnferwachts ôfkappe reis.
It is fansels tige spitich dat al dy boeken harren ferhaal net kwyt kinne. Tagelyk is it tryst datst in protte reizen yn it literêre lânskip noait meitsje silst. En is it net begrutlik datst net mei alderhande nijsgjirrige minsken út de ferhalen yn de kunde komst? Wat dochst dy as lêzer eins nuver te koart. Kinst dy ek ôffreegje: wat dochst dy boeken oan? Boeken fertsjinje better. Boeken wolle net yn it stof fan ferjitnis wachtsje oant se lang om let oppakt wurde. Hawar, it is net oars, ik ha my der by dellein, de wrâld dy’t it ferskil yn in minskelibben meitsje kin, sil wol in sletten boek bliuwe.

Abonneren op:
Posts (Atom)