UNTHINDERE
Lavearje sille we,
sydlings en skeanoer
hingjend oan in dream,
fêstklamme oan it roer.
Kliuwe moatte we
as in alpinist yn ’e wolken.
om te sjen hoe’t de loft
him foar ús iepenskuort.
Underfine wolle we alles,
fiele hoe’t de driuw
ús mei in kontragewicht
steefêst nei foarren triuwt.
En brûzjend balte
sil de wylde wetterfloed,
dy’t yn in bestindige kadans
tsjin de boech bonket.
Sa dûnsje we ûnthindere
nei de wiffe kantelpunten
yn meiwierjende streamen,
losbûkjend fan it ferline.
