Yn it skiere ljocht
fan mistich waar is de werklikheid fier te sykjen. Libbest yn in oare wrâld. Der
is gjin east of west en gjin noard of súd mear te bekennen. Doarmest yn in ûnbekende
diminsje sûnder perspektyf. Wêrhinne fregest dy inkeld ôf. Bestiet der wol in oare kant achter dy algeduerich
opskowende molkeglêzen muorre? Faaks hat sa'n grize helm oer it lân krekt as
doel en beskermje de wrâld yntegraal tsjin obskuere ûngemakken, mar moatst de
kop der wol by hâlde. Rjochtingoanwizers hingje doelleas yn de loft. Der falt
amper noch in paad te kiezen. It ienlike paad kiest dy; ast der net om tinkst streekrjocht
oer krusende wegen hinne. Op heal ferhoalen diken ferdwine feninige reade
ljochten hastich yn harsels en spatte
even letter oan 'e oare kant as fjurrige eagen wer nei binnen ta. Of nei bûten?
Kaam it oerljocht sa út it tsjuster opsetten? Begûn it alderearste begjin yn in
krekt sa'n grauwe sop? Der is lykwols gjin knal te beharkjen. Lûd wurdt wei. Yn
'e dize is alles neat en neat is alles wat it liket. Yn it lânskip fan dôven en
blinen oerhearsket it stomme. Alles swijt. Ik mei wol oer de lichte swierte fan
dat wiete elemint. Dy bjustere benearing fan it útsichtleaze bringt dy tichter
ta dysels. It is in drôgjende stilte, datst tinkst: soe it fierderop noch stiller
wêze? De dize liket de tiid yn de stilte op te lossen. Wat
stekt der achter? Hearsket oan de oare kant fan it grize gerdyn
de stilte fan de lêste ein, of...
by de mar (5)
jage de simmer de
hjerst yn, mei de
faasje fan in stroomfyts
by my del,
'k rekke rimpen op
'e kletter nei de
winter, dat ik trape
kjel heftich op de
remme, mar te let,
want de tiid sakke
my as boomiis ûnder
de skonken wei.
It doel
Hoedsum lavearre
ik yn in keunstpaleis fan Den Haag tusken de gaos en harmony fan de ferbylding.
De hannen djip yn de broeksbûsen. It baarnde my wer ris yn. Want dat is it
slimste, no? Dat je neat oanreitsje meie. Hannen thús en allinnich de eagen de
kost jaan. Mar dat is my noait genôch, omdat der mear is as wat it each sjocht.
Koe ik mysels by
de Bolle fan Potter en it Putterke fan Fabritius yn it Mauritshûs noch yn 'e
stringen hâlde, yn it Gemeentemuseum wie it by in leidige skulptuer fan Brancusi
in stik dreger. Ik stie suver yn bestân en klamp my fêst oan it ûnfersetlike
metaal. Sa´n rite oerfalt my faker. Benammen as in keunstwurk op it earste
gesicht gjin inkeld doel liket te hawwen. Of omdat it each muoite hat mei it
ûnbegryplike. It is de fertwiveling fan it riedsel, dêr't gjinien in antwurd op
wit, en dat lit dy net los.
It each siket it
idee. It wol yn de geast fan de keunstner sjen, of krûpe yn de siel fan syn
wurk. Faaks wol it each fêststelle oft it bjustere keunstwurk echt bestiet. Mar
al priuwde ik de kleuren fan van Gogh en hearde ik de byldmuzyk fan Kandinsky, it
ferstân siket fysyk hâldfêst: ik wol oanreitsje! Net om de kwaliteit te hifkjen
en te mjitten, dat docht it folk wol dat tinkt dat it der doel oer hat. Ik wol wat
oars. Ik wol as it ware it libben fiele yn de stigmata fan in tiid. It is altyd
wer deselde oanstriid. Even mei de fingers oan de groeden fan in Appel sitte
wolle, of hoeden it wjerstribbige brûns fan in breklike Giacometti betaaste. Dan
soe ik nei alle gedachten mei de eagen ticht de taal fan de besieling lêze. Yn
myn eagen in befrediging. Ik soe oan myn fingers rûke en de hannen wer djip yn
'e bûsen stekke. Ik wie ta myn doel slagge, as ik it doarste.
Lânskip
Besibbe oan it lânskip
Op it hiem fan de bernetiid by de appelbeam lizze
skerpe bylden út it ferline. Dêr blomket it gers foar
de geit en de kninen op ’e blikke njonken de finne.
It ryk foar beukers is in boarterstún fol jongeswille.
By’t simmer kleuret alles pears troch ripe prommen.
Yn it greidlân, efter de pôle foar in keppeltsje
skiep,
weidet
it fee yn it rynske skaad fan tichte elzenwâlen.
Op
’e kolk by de keallehokken hinget de rook fan kij
út
’e bûthússtâl en it hea yn ’e golle. Heech ûnder de
skuorrenaad
dûnsje de kopketommeljende swellen.
Op
dat hiem fyn ik yn ’e slommer fan myn ûnthâld it
paad
nei de foarein fan it stee dêr’t ik grut wurden bin.
Troch
it rút klinkt in taal yn it ferjit en laket it gesicht
fan
in dûbelgonger. By de reinwetterbak bloeie ûnder
it
dak fan de linebeam ús mem har goudsjeblommen.
It
wie ea ek it spul fan pake en beppe en dy, yn in gea
mei
griene muorren en blauwe loften. Yn de Wâlden
stie
myn widze, dêr rekke ik besibbe oan it lânskip.
Dêr
sliepte ik op ’e souder en lei mem ûnder yn har kiste.
Hoeden
hifkje ik de klink, mar ik doar him net te lichtsjen.
by de mar (4)
song ik ûnder berûne loften oer it
mêde waar, wylst de reidwâl mei it
sûzjen fan de wyn sa treastlik rûze,
ik rekke yn 'e rite fan it ritme troch
it salvjen fan de rym suver yn´e sûs
Lêzers
Us wrâld is mar lyts, dat nei alle gedachten ken elke Fries persoanlik wol
in Fryske skriuwer of dichter. De kâns is nammentlik grut dat je by ien yn ’e
klasse sitten ha dy't de oanstriid hie om syn brea der mei te fertsjinjen,
of dat je by ien op 'e streek wennen dy’t it graach wurde woe. It kin ek samar dat
je ergens by't fierljeppen, by it keatsen of op de mar yn 'e kunde kamen mei ien
dy’t it al wie. Sels hjoed de dei kom je se yn 't wyld maklik tsjin. Se sitte
net allegear nacht en dei achter it kaaiboerd te switten foar it masterwurk dat
alle ferkeapsifers oertreffe moat. Boppedat is it hiel goed mooglik dat in
protte minsken in letterwrotter yn de famylje ha. Sa moat in mannichte folk op
ien of oare wize besibbe wêze oan de literêre keunst. In hiele aardichheid, no?
Wat soe dat in lêzers opsmite kinne as soks yn de moanne fan it Fryske boek wat
mear omtinken krige. Want lang net elkenien hat der miskien weet fan.
No docht - lies ik al krantsjend - ek noch bliken dat in grut tal skriuwers
en dichters sels ien of mear skriuwers yn de famylje hat. Oer predestinaasje, jildingsdriuw
of ropping sil ik mar net begjinne, dat liket my net fan dizze tiid. Lit ús
foar it gemak mar even oannimme dat skriuwen en dichtsjen yn de genen sit. Mocht
soks trochsette, dan kin it tal skriuwers en dichters inkeld noch mar tanimme. Tink
ris yn: hast elke Fries in skriuwer of in dichter! Dat sil skielk in protte ta
lêzen oansette, dat kin net oars.
Dat sadwaande krige de genetyske skriuwfaktor my yn 'e besnijing.
Nijsgjirrich haw ik de annalen en de argiven der op neislein. It kin langer mei
in pear fingerklikken, dêr hoege je net mear foar nei de stêd. En sjoch, ik hie
't wol tocht. It stiet aldus beskreaun! Betoerpake is it bern-bernsbern fan
Petrus Couperus ( Ideard 1657- Wergea 1735), dy't wer de betoerpake is fan
Louis Maria Anna Couperus syn heit. Dat soks, safier fuort, yn ien rigel nei te
kommen is, dat is suver in wûnder. It aardichste is fansels dat ús heit ferneamd
is nei syn omke Petrus Couperus. Ik ha koartlyn noch op it hôf stien dêr't it
bewiis leit, mar of dat mear lêzers opsmyt? It is te betwiveljen.
bylden binne wurden
Ik bin in
eilângonger, omtiger út it lân fol grinzen.
Myn blikken strune
by de diken del en oer de hichten
fan de dunen. Ik hein
de kimen yn it prisma fan myn
hannen. Tiid yn it
bestean duorret minder as in tel.
Ik bin in eilânman yn in kleurensee fan dreamen.
In iepen finster
fangt it brânpunt fan myn tinzen
en de wiisfinger printet
alles wat ik sizze wol.
Ljochtkristallen falle
op de fluezen fan de linzen.
Ik sjoch it
hinnekommen fan it libben rûnom lizzen.
Fjoer baarnt de
bline flekken fan myn neakens skjin.
Bylden binne
wurden yn it spektrum fan de sinne.
by de see (2)
naam ik by twiljocht de lêste oerset foar
de nacht, ik wie hast fan betinken: ik fear
oer de Styx, wylst myn each skichtich nei
de kime socht, it eange my lykwols om'e
nocht, omdat lang om let bliken die dat it
fartúch my nei Skiermûntseach ta brocht.
Ferljochting
Ik ha it ljocht sjoen. Ljocht dat net sear oan de eagen docht, mar as salve oer de siele strykt en as ferlichting it drege moed rommet. In bysûnder skynsel dat net út kin. Dat ljocht hat der altiten west en it is der ek foar in oar. Moatst it sjen kinne, moatst it oer dy hinne komme litte en yn dy opnimme wolle, dan silst der ek fan tsjûgjen gean. It is wrâldferneamd. Wa´t it sjocht wit wat it is. It is ús eigen ljocht! En it is fergees! It is it alles oerstjalpjende noarderlân, waad en strânljocht. It kollektive libbensskynsel yn it lânskip fan de noarderling. De glâns en blâns fan dat natuerlik fenomeen is ta de gloarje fan syn unike bestean fongen yn matearje. In fiiftal skilders hawwe dat ljocht op persoanlike wize mei grutte konsideraasje stâljûn yn subtile formaasjes fan linen, foarmen en kleuren. Ynspirearjende, eigensinnige komposysjes yn de geast fan it ljocht sels. Op doek, op hout, op linnen en op papier. Krongen yn oalje, akryl, aaitempera en wetterferve. It is in iepenbiering en op 't heden te sjen yn museum Belvedêre by it Hearrenfean. In keunsthal dy't feitlik op de fûneminten fan ljocht boud is. Dat it koe gjin better plak krije. Gean der hinne is it boadskip en nim it ljocht oan. Rin der stadichoan by del en lit jin der yn meinimme, hein en fier. Lit jo ferljochtsje. It is tige de muoite wurdich. It is merakels.
by de see (1)
die
bliken dat it folk syn taal ferbruts,
koest as
in frjemd yn ûnwisse tiden
gjin wurd
mear kwyt, woest inkeld
yn in oare
taal de kimen noch ferlizze,
al kaamst
fansels dan ringen ta besef:
as
flechteling hast ek gjin sek te sizzen.
Abonneren op:
Posts (Atom)

