it skaad
It ferhaal fan de kleuren fan Mark Rothko is
min te beskriuwen. Net omdat der safolle lagen yn sitte, mar ek omdat troch it
ûntbrekken fan foarmen en linen it each gjin hâldfêst fine kin, wylst troch de
kracht fan it diffuze ferskaat de kleuren in organysk en diminsjonaal karakter
ha. Betink dêrom marris wat sinnichs te sizzen dat de lading fan it wurk fan
Rothko dekt. Nee, it binne gjin opperflakkige oerflakken dy´t dizze skilder mei
besieling makke hat. Yn in striid mei himsels en mei de matearje hat er besocht
en lis it kleurspektrum op in hiel eigensinnige wize fêst. Alsa is yn syn
oeuvre it útslachte skala fan de reinbôge yn in apoteoaze op it doek ferivige.
In grut tal fan dy libbene kleurfjilden fan formaat folle op it heden de
sealmuorren fan it Gemeentemuseum yn Den Haag. En it sil it each fan de betûfte
waarnimmer net ûntkomme: it read, giel, of blau fan Rothko hat in hiel oare
wearde as dat fan Mondriaan of Barnett Newman. De ymposante kolleksje mei
stoflike tinten binne ynderlike lânskippen betize yn in metamorfoaze fan
emoasjes. Mooglik mei fan dy gefolgen dat it ljocht yn de suver astrale fjilden
lang om let stadichoan dôvet. Geandewei ferdizenje de kleuren en sakket it
tsjuster oer it libbenswurk fan de skilder. Griis driigjend as swiere wolken en
swart djip as de nacht ferbeeldzje nei alle gedachten de lêste gong fan syn
sykjen. Op de kleurskeal fan Rothko berikte er dêrmei grif it heechste effekt. Faaks
fûn er yn dat skaad sûnder ljocht de stilte dy't er socht. Wa sil it sizze, it
binne inkeld wurden yn it ferhaal fan in keunstner waans krewearjen min te
beskriuwen is.keunst
Wat net op in dei kin, wat net yn in wike past, wat romte
ha moat en tiid brûkt om op te nimmen en delbêdzje te litten, wat ferwurke
wurde moat om op syn wearde te skatten, dat kin op it Amelân yn Novimber. Fjouwer wiken lang is achter dún en dyk en tusken see en slyk as
hjerstblêd ferwaaid de weareld keunst te bewûnderjen. En dat seit wat! Folle
net genôch! Op it platte flak en romtlik; it komt de taskôger ta. Grut fan omfang en beheind fan formaat; it freget
omtinken. Kleur en swart wyt; it lit him yn alle toanen jilde. Realistysk
en abstrakt; it ferget nijsgjirrigens.
Ja, der is keunst en keunst! En der ha keunstners en keunstners oer gearwest. It resultaat is in bjusterbaarlik ferskaat. Wa't der west hat, wa't der wolris sjoen hat, wa't bûtenút en binnendoar de muoite naam om it by del te gean, dy wit it. It belibjen is in hiele ûnderfining. It ûndergean lit in libbene yndruk nei. Wa't dit jier noch hinne wol dy moat oanmeitsje, want oars is it te let. Stap yn 'e boat. Set koers nei de iepen kime en ferlis dy benypte grinzen.
Ja, der is keunst en keunst! En der ha keunstners en keunstners oer gearwest. It resultaat is in bjusterbaarlik ferskaat. Wa't der west hat, wa't der wolris sjoen hat, wa't bûtenút en binnendoar de muoite naam om it by del te gean, dy wit it. It belibjen is in hiele ûnderfining. It ûndergean lit in libbene yndruk nei. Wa't dit jier noch hinne wol dy moat oanmeitsje, want oars is it te let. Stap yn 'e boat. Set koers nei de iepen kime en ferlis dy benypte grinzen.
Kriich
Oandien! Ik wist ynienen wer hoe´t dat fielde, dy wûnderlike ûnderfining
fan eartiids, omdat ik as it ware samar wer kontakt hie mei it ferline. In
yngreven gefoel dat ik goed thúsbringe koe. Opwining, ekstaze, sokssawat. It
barde hiel ûnferwachts en ik rekke der suver wat troch fan slach. It wie... hoe sizze je soks krekt... ja, it
wie net minder as in dûk yn de boarne fan primêr ferlet. Ik stie foar tiidleas
begripen, wat my ta de bonken ta wat die. Echt wier, doe't ik fan 'e wike foar
in kolleksje kleurrike taferielen yn museum Belvédère stie tocht ik hast, dat
ik as jonkje de fervekwast wer yn 'e knûsten hie.
Hoe âld sil ik doe west ha? Miskien in jier as fiif? It docht der net ta.
Want ik ûndergie wat ik earder belibbe hie. Ik smarde in ferskaat oan kleuren
op papier. Ik struts, ik kraste en ik fage yn tsjokke lagen. Ik fielde de
striid mei grillige en ûnwillige foarmen wylst ik oer perspektyf gjin inkel
sjoege hie.
Dy bjusterbaarlike ûnderfining gie my op 'e nij troch de hiele lea.
Want dêr stie ik dus, each yn each mei it wurk fan Gerrit Benner, in keunstner
dy't sûnder mis ek mei sa'n wrakseling dwaande west hie. Kriich!
Dêrom wist ik dat it bestie. In
wrâld yn oerdiminsjes. Stadige seeën mei bûnt betegele loften en jachtige marren,
besile troch skerpe skipkes. Utskroeven lânskippen ûnder baarnende wolken. Ik seach
beammen as trochsketten strûpmoes en blommen yn opsketten lôgjende greiden. Ik
hearde stege hynders fjouwerjend dwerstroch
troch griene muorren draven. Ferve! Matearje as libben konflikt. Foarmen! Yllúzje
fan de bernegeast. Kleuren! Emoasje fan de siel.
sjen
De blik fan de keunstner sit tusken de earen. It is yn´e regel in blik dy't fierder eaget as de deistige gong fan saken en djipper as wat gewoanwei sichtber is. It is in blik dy´t it rom sjocht. De eagen sykje: freegjend en hifkjend. It binne skerpe eagen. Wat se opnimme brûke se om te skeppen. Kleur of foarm? It docht der net ta. Tusken de linen? It kin wol wat lije. Abstrakt of realistysk? It is mar wat it each sjocht. De ferbylding is net oan grinzen bûn.
Portretten binne dêr op gjin útsûndering. In
portret is in ferhaal op himsels. It is in tiidleas momint yn in libben ferline en in ûnfergonklik heden.
Yn de eagen fan it portret skimert de wrâld fan de keunstner. It is faak in
blik sûnder skrupules. De blik fan in
portret lit de eagen fan deaden sprekke en docht de libbenen tinken. Oer langst,
leafde en lijen. En fan dy trije faaks it lijen it measte. In slagge portret
sjocht streekrjocht yn de siel fan de skôger.
Wa´t dat net sjocht mist wat. Wa´t dat net
sjen kin is te begrutsjen. Wa't dat net sjen wol kin him in reis nei de grutte
solotentoanstelling fan Marlene Dumas yn
it Stedelijk Museum fan Amsterdam besparje.
fergees

Alle boeken foar ien euro it stik, of inkeld in pear sinten mear, somtiden leinen se sels al klear om fergees mei te nimmen.
Ruilje koe op guon plakken ek at it trof, sels sûnder it oerlizzen fan in rekkentsje.
Sa koe sawat elkenien wol wat fan syn gading fine.

In smite boeken oer fytsen, farren en iten. Romans leinen der ek by de rûs, lange en koarte, wol wat betommele mar noch kreas kafte.
Lykwols, alles meast yn it Nederlânsk.
It is fansels in aardige gedachte, dy negoasje fan bedrukt papier en suver om 'e nocht. It docht jin goed, mar it docht jin ek tinken...
Rare skiters
Tamme om te aaien en oars wol om op te
iten, wylden om te fangen en om op te sluten of se frette in oar as proai wol
op. Op it lân en de savannes, yn de bosk
en op de flanken fan de bergen. Kninen, kij, bearen, liuwen, oaljefanten, neam
mar op. It is foar de wrâld ûnmisber guod.
Oeral
fleane fûgels
Wjukjend yn de loft en oer de wolken, boppe
see en griene wâlden. Sjongers yn de beammen, balters oer de baren en op de nok
fan it dak. Earnen, kobben, mosken, swellen en protters machtich as de miggen. Frank
en frij. We sjogge der tsjin op en we kinne der net sûnder.
Oeral
swimme fisken
Kâldbloedich swinkend troch it swiet of
sâlte wiet. Ranke dûkers sûnder longen, glêde jonges, rappe glûpers yn de sleatten,
marren en de grutte dobben. Iel, snoek, hjerring, haai en walfisk .
Slachtoffers fan smoarge minskestreken, fjochtsjend leger tsjin de streamen op.
Oeral
sjochst ynsekten
In grut ferskaat fan lytse wûnders. Tûke krûpers,
hippers, wrotters op of ûnder ierdske lagen, swevers op de wyn, hoeders fan de
blommen. Mychhimmels, krobben, bijen, flinters, neefkes, tûzenen miljoenen,
safolle, tel se mar ris, it hâldt noait op en giet mar troch.
Oeral
binne minsken
Riken en earmen, roppers en razers. In
protte dôf en blyn foar rjocht en frede foar mins en bist. In protte sûpers,
fretters, smokers, spuiters, sjitters en alderhande oare rare skiters. Jong of âld,
wrede en minne, peste, fjochtsje, moardzje. Minsken, minsken, minsken, wêr moat
dat hinne?
Abonneren op:
Posts (Atom)
.jpg)
.jpg)
.jpg)

.jpg)


