Stoarm




Delgong

It âlde hûs gûlt
lûkerich smûgend
yn stien en foech.

It kniesde bynt
knapt en kreaket as
in ferkalke bonkerak.

De finsters swije
ierdeswart, wylst it
pandak wrakselet.

It jierrige beskot,
amper noch grûne,
rekket stadich los.



caritas





‘Wêrom bisto eins lid fan de biblioteek?’
‘Wêrom soe ik it net wêze?’
‘Do lienst ommers noait in boek?’
‘Ik kom der wol geregeld om kofje.’
‘Is de kofje dan by’t abonnemint ynbegrepen?’
‘Nee wis net, dêr betelje ik foar, mar ik krantsje fergees.’
‘Ast it abonnemint opseist al, ja.’
‘Och, dat lidmaatskip is mar fyftich euro.’
‘Dêr kinst yn de boekhannel wol twa boeken fan keapje.’
‘Ja, ast sa begjinst te rekkenjen, dan kin ik ek wol fyftich boeken by de omrinwinkel helje.’
‘Presiis, en de kofje is der fergees.’
‘O, ja? Dus dêrom kofjedrinksto yn de omrinwinkel.’
‘Ut in papieren bekerke smakket it ek poerbêst.’
‘En keapest dêr dan boeken?’
‘Soms.’
‘Dochs net fan dy snústerige ôflizzers, mei fingertaasten en slanters, wol?’
‘Der lizze ek spiksplinternijen by.’
‘Dat mienst net. Krekt as yn de biblioteek dus.’
‘En kinst by de omrin alle Fryske skriuwers fine foar in euro it boek. IEN euro!’
‘Tsjong, dat is net ferkeard, mar do lêst ommers noait Frysk.’
‘So what? De opbringst fan de omrinwinkel is foar in goed doel.’
‘Dat is my ek wat, boeken keapje en se net lêze.’
‘Ja, mar ik bring se nei ferrin fan tiid altiten werom.’
‘Dat moat by de biblioteek ek!’
‘En dat kostet dy dus fyftich euro yn ’t jier.’
‘Och, goed besjoen is dat ek foar in goed doel!’

ultym

De oansetter

Jeije op in Puch troch de Wâlden
dat kaam ticht by de ultime frijheid
kinst no wol sizze, sei ien tsjin my,
doe’t we stil stienen by âlde tiden.

Ik fielde wer even de wyn yn it hier,
it dynjen troch djippe klinkerkûlen,
it hikjende lûd fan de smoarge bûzjy
en de skokken fan it sadel yn it krús.

It is mar krekt hoest it besjochst, sei ik,
tusken al dy tichte beamwâlen wienen
de fiersichten o sa beheind en benypt,
ek ast der by del fleachst op in Puch. 

Lit ús dat jeien mar op in oanset hâlde
fan de ultime reis yn de grutte, wide wrâld.



mear

Is less more?

Antony Gormley

Minder is net mear, as mear dan te min is
of miskien krekt wol wat tefolle fan it goede.
Minder is faak mear as genôch as mear net
hoecht of nedich is en wol wat minder kin.
Minder is dus net sûnder mear wat mear,
it kin min-ofte-mear sels faak wol wat minder,
want mear fan minder is miskien wol better,
om’t minder soms gewoan moai is: dus moaier
as mear, lykas dit gedicht mei in bytsje minder
  wurden der grif net folle minder fan wêze soe.  


1



tiid

nei de lêste tolve
slaggen de earste dei,
dan tolve nije moannen
mear as fyftich wiken
en dagen by de rûs
mei tûzenen oeren
tel se mar wer ôf
hooplik binne
der genôch

foarby



 It skoft telt net

Om der hinne te gean, om der te kommen
en om der te wêzen, it nimt allegear tiid.
Likegoed giest ûnderweis om dyn doel te
berikken en der te bliuwen salang ast kinst.

Ien dei, in pear dagen, noch langer of in oere,
it skoft telt net, as it de muoite wurdich is
dan muoit dy de reis dy’tst makke hast selden.

Om der wer wei te gean, om achter te litten
dêrst dy deljaan koest en om tebek te sjen:
dat bliuwt dy noch skoften yn de holle sitten,
al rekkest dat spitigernôch oait ek wer kwyt.





sizze se


‘By fyftich persint fan alle tiidskriftabonnees
bliuwt it blêd yn it plestik lizzen, sizze se.’
‘Hoe komst dêr sa by?’
‘Dat ha ik ergens lêzen.’
‘Op internet fansels?’
‘Ja, wêr oars?’
‘Dan is it nepnijs.’
‘Gjin sprake fan.’
‘En dy oare fyftich presint?’
‘Dy pakke it blêd út en besjogge
allinnich de plaatsjes!’
‘Dat fernuveret my neat, ik mei ek graach plaatsjes besjen.’
‘Omdat jim thús froeger lid wienen fan De Lach tink?’
‘Ja, ha de gek der mar mei, mar oanskôchlik materiaal makket wol wizer, dêrom is it ynternet ek sa populêr en wurdt der amper noch fan papier lêzen. ’
‘Dêr koest wolris gelyk oan ha!’
‘Wêr bisto lid fan?’
‘Och, allinnich mar fan XXXXXX.’
‘O? Dat is sa’n literêr blêd, of net?’
‘Dat sizze se.’
‘Bist al lang lid?’
‘Al jierren.’
‘Stean der ek plaatsjes yn?’
‘Dat wit ik net.’
‘Hoe sa?’
‘Se sitte noch yn it plestik.’

POMONIA


Ald, âlder, âldfaarslân,
fan in motyf yn 'e holle
as broazele skets út 'e hân
mei inket en houtskoal
in tiidsbyld fan in ferline.

Wiid, winich, stienâld lân,
as karakterbyld mei pinsiel
in ferwosken, rûch portret
fan fergetten klankkleuren
yn it spektrum fan it heden.

Ierdeskier, grien skimerlân
as eachweiding fan eartiids,
en plein air yn it strykljocht
fan hjoed de dei noch altiten
it brânpunt fan de realiteit.



rinners


De ynrinners út Invercargil binne 
trochrinners wurden yn Stromness,
mei stappen dy't gjin bergen ferset ha, 
mar wol airmiles troch de loft.

Fan it Sûdereilân ûnder de wrâld wei, 
bleaunen se yn it noarden op Orkadië 
stykjen, om yn it spoar fan oerrinners 
in nij dwylpaad troch de tiid te sykjen.  

Sa hast ek omrinners, hurdrinners  
en dearinners, krekt as skoskerinners 
by’t winter tink ik dan, wylst ik yn
myn eigen tempo stadich fierder gean.