Watst net sjochst, dat kinst
likegoed wol krije
sûnder datst der om frege
hast, dan krigest dat
watst leaver net ha wollen
hiest, lykas as safolle
minsken om dy hinne. En dan
tinkst by dysels:
Wêr komt it wei? Dat wolst
dan witte, wolst it
ferklearje kinne. Oarsaak
en gefolch, gjin skuld
of boete, dat is dy te
min. Tagelyk driuwt de fraach:
Hoe ferrint it? Watst net witst
moatst dat belije?
Hiest it mije kinnen en
soest it miskien ferswije
ast witte koest wêr’t it
weikaam wie? Of wiest
dôf en blyn doest it earder
noch net krigen hiest?
It is nuver spul datst net
sjochst. It sjocht dy wol!
It binne fan dy lytse
dingen. It binne kringen!
Se wrotte yn ieren en sinen.
Dy fine goarre
raamt dy by de strôte en nimt
de holle finzen.
De siken stykje dy as iislik
fjoer yn de longen.
Dyn stim is dy ûntnommen,
switfeiend sikest
nei arguminten dy’t der
net binne. De fraach
is net langer: wêr komt it
wei? De fraach is no:
Wat dochst der mei en wêr
bringst it hinne?
Titan Igor Mitoraj |