In Gedicht
Soms klinkt in gedicht as
muzyk
yn de earen mei in meldij
dy’t it tinken suver
ferlichtet,
of do hearst in smertlike
serenade
foar in ûnberikbere leafde
út it djipst fan in
mankelyk hert.
Soms lêst in gedicht as in
roman
oer meislepende
minskelibbens
yn in fier lân dêr’t it
oarloch is
en in gedicht liket ek wol
ris wat
op in skokkende
dokumintêre
dy’t fol oangripende
bylden sit.
In gedicht kin by
gelegenheden
ek salvjend en treastryk
op guon
lêzers oerkomme of just
leadswier
en beladen, foaral yn de
kontekst
fan in slim sentimintele
ballade
of in yn memoriam dêrst
fol fan sjitst.
It bart inkeld ek wolris
dat in gedicht
earlik en plan út oan de
lêzer blike lit
dat respekt foar oaren en
tolerânsje,
likegoed as solidariteit mei
ûnderdrukten,
fûnemintele noarmen en
wearden binne
en o sa wichtich foar it
behâld fan frede.