novimber

IN HEAR FAN STAN

Al wat lichter beklaaid 

bûcht er de ronfelige lea

as in hynder op jierren

stil foaroer nei it skaad.


De rêch noch altyd skrep,

tusken it selskip út itselde

stûfe laach yn ’e beamwâl

oan de râne fan it paad.


Novimber jout him glâns

mei in kopergiele kroan,

dy’t er mei eare draacht.


Ea lykas Wodan fereare

en âlder as de measten:

de Hear fan de Wâlden.