swart-wyt

De kulturele haadstêd fan de Wâlden is Grins. Yn de metropoal fan de Ommelannen komst yn 'e regel foar keunst en kultuer goed oan dyn gerak en ûnderweis derhinne lizze dy gjin 'djip' of oare grinzen yn 'e wei. Stad is fan alle easter, suder, wester en noarderlingen. It hoecht om de taal ek net oer te gean. Wâldsjers binne wrâldboargers, dy begripe elkenien.
Yn Stad falt it bestean op syn plak. Har kultuer stipet alle sinnen. Guon gean der hinne - mei de lêste hope op libben - om te stjerren. Ik kom der geregeld om te libjen. Ik kom yn Grins om te iten en te drinken! Ik gean der hinne foar boeken en muzyk! Of ik kom der om it teater of in film te sjen! De earste bioskoopfilm dy't ik eartiids jinter seach wie yn swart-wyt. Dat wie doe in bjusterbaarlike ûnderfining.
De lêste film dy't ik dêr koartlyn seach - en dy't op dit stuit noch net yn dy oare haadstêd draait - wie ek yn swart-wyt! In film dêr't de hiele wrâld op 't heden oer praat.  In film dêr't gjin wurd yn te beharkjen is.  De 'stomme' film, dy't tige besjen lije mei, wie foar my op 'e nij in memorabel barren. Yn de The Artist sprekt de stilte fan de byldtaal foar himsels. Ik wist it noch fan doe, mar it fenomeen wie my hast ûntsketten. It ûntbrekken fan de stim docht gjin ûnderstek oan it ferhaal. De spilers prate mei de hiele lea. De mûle is as eachlûker inkeld in sinlik ornamint. De haadrolspylster yn The Artist seit mei har ûnthjittende blik mear as genôch en neat te folle. Har opponint sûpt, swetst en racht sûnder lûd like oertsjûgjend as in wâldsjer. Wat sis ik? De film is krekt in boek. In bjusterbaarlik, magysk boek, dat mei de dynamyk fan it yntinse swart en wyt neat minder is as in film yn 3D. Dat ik dêr, nei al dy jierren, wer foar nei Grinslân moast. Sa docht mar wer bliken dat de grinzen fan in taal gelokkich net de grinzen fan de wrâld bepale. Fierder binne wurden, tinkt my, oerstallich.

op ´e mar

           
(k)âlde eleminten

Ik rûn op ´e mar en tocht oan de
dei doe't ik der oer hinne fleach.
De loft droech my as in fûgel, wylst
ik út it finster wei de simmertiid
fan it ferline glinsterjen seach.

Ik rûn op ´e mar en tocht oan de
dagen doe't ik der om hinne teach.
De wyn twirre troch it blêd, wylst
ik mei de delgeande sinne op' e rêch
my besaude oer de ferlerne hjerst.

Ik rûn op ´e mar en tocht: wat is myn
doel op dit wyt besleine swarte glês.
De tiid reage de eleminten, wylst ik
op it paad fan de fergetten winters
gjin maitiid oan de kimen lizzen seach.

by de mar (7)



sweefde ik yn gedachten op sokken en 
houtsjes elegant oer de romme flakte,
net oars as die ik mei gemak dy iene 
Tocht der Tochten, feit is fansels ik stie
inkeld lykas mannich kâldklommer
mâlbearend te fernikkeljen oan de kant.

de wyn


WYNSTREKEN

Eastewyn: de A7 sûzet as de see,
it lânsdiel fan de lichte grûn rint leech.
Nij en út 'e krite reizget omfierrens,    
de wrâld komt stadich op 'e gleed.

De Wâldwei smûcht yn de sudewyn.
It folk stint ûnder swiere pûsters en 
jout har blyn oan de streamen oer
om yn skiere weagen te ferdwinen.


Kjeld keart it tij, oer de groeden fan
de griene hûd hellet in westerstoarm
rimpen oan, bringt noed en lijen mei.
Mar hoedzje jo foar de toarre lûden
fan de noardewyn: ferhûddûke troch
  de Sintrale As rekket de lêste stilte wei.

Loftich


Galery fan de Lawei:  Wolkje fan Dinie Bogaart (oaljeferve op linnen) ferkocht.

ergo:


Ik bin wat wurden troch te skriuwen! Of wurd ik wat ik bin troch wat ik skriuw?
Op it each ôf...

by de mar (6) nei de langste nacht


is desimber kâld en belune
wrakseljend mei it lêste skoft
tiid jout belies en sil ferdwine
troch ferwin fan it nije ljocht
wat no is wurdt ús ferline
tiid yn desimber skuort de loft


vis à vis


Wat heger de keunst, wat grutter it riedsel! Of hoe't it riedsel fan de keunst de keunstner nei in heger nivo tille kin. Byldhouwer, skriuwer of skilder, it mystearje fan it sjeny is universeel. Oeral komst it fenomeen tsjin, ek ticht by hûs. Je moatte der op klear wêze. Want each yn each te stean mei in stillibben fan Thijs Rinsema docht likegoed in oanslach op it foarstellingsfermogen as wannear´t men it nijsgjirrich each  rjochtet op in net te beteljen glinsterjende keunstkop fan Damien Hirst.
Op in behindich doek fan Rinsema ferrifelje inkeld twa figuerstikken de taskôger. It tredde objekt is it skilderij sels. It smelle listke is as ramt fan in ferhaal it finster fan de moraal. Vanitas! Alles is leechte! Seit it net genôch? Tagelyk kin der gjin stiller libben mei it sprakeleaze gesicht fan in deadskop yn byld brocht wurde. Der is gjin glim of grime, noch wille of pine waar te nimmen. It masker fan de werklikheid is dellein.
Persepsje is lykwols faak in subjektive kwestje. Stel dat it hjir om in portret fan de eigener fan it boek giet. Dan wurdt it in hiel oar ferhaal. Al bliuwt it in fraachstik. Mei it ferdwinen fan it eachljocht swije alle stimmen. Ha we hjir miskien te krijen mei de lege plasse fan in skriuwer of dichter? Wie it in tinker of in prater? Stean der wol teksten yn it boekwurk sûnder titel? Wa wit hat de skriuwer in prediker west dêr't gjinien nei harkje woe. Der is fan alles fan te meitsjen. It mystearje wurdt der allinnich mar moaier fan. Mar lit ús - mei de keunst yndachtich - it fierder by de serene stilte fan it taferieltsje hâlde. In fisueel yntermezzo sûnder kleurklanken. Inkeld gedachten ferwurdzje it swijen.
De ferklearring fan de mystike artefakten is fansels allinnich mar simpele symbolyk. De ynbannige komposysje jout de tiid stal. Wat west hat en wat west kinnen hie, faaks mei in blik op wat is en alles wat noch komme kin. It docht jin suver wat. Each yn each te stean mei de oeren, dagen en wiken yn it hastige ferrin, mei de moannen en de ferstjerrende wjerklank fan har nammen. En mei it jier dat troch de lêste siden fan desimber blêdet en dan it boek tichtslacht. Je moatte der op klear wêze.