Alles
ALLES
Nuver hoe't in
neisimmerdei dy
sa ferrifelt,
as de lege sinne mei
in skalk each
troch de dize glûpt
en it berin de
tún it near op leit.
Nuver hoe´t
alles slûpendewei
fan aard
ferwikselt, as de pûltsjes
noch yn 'e
stokken kliuwe en de
lysters har
tjirgje yn de koetsebei.
Mar kinst it
de tiid net ferwite
dat it skaad
achteleas, as kâlde
fingers op´e
hûd, alwer oanwint,
en te hastich
nei de jûn ta krûpt.
Kinst it
ferfal better mar ferswije,
flamjend
ferstjert alles yn´e tún,
sels it lette
pôltsje dahlia´s mei
dy djippe
kleur fan in iepen wûne.
Sonnet
De grutte dyk del
It is sein,
alles hat in begjin,
de tiid; wat
stof en rein; it libben
siedde op âld lân
mei al wat der stribbet.
As dat sa is,
wa sil dat dan bestride?
De dyk is lein
troch wurkershân, as grins
en as paad om
fierderop te kommen -
hâlder fan nij
lân, hoeder fan de minsken,
mar as
weitsjend slieper hat er lins.
Mei grien en
griis belein is it
krekt
lânskipkeunst wurdt der sein,
in streek troch
it blau is op it each genôch.
Berûn,
beriden, wat falt der noch te striden?
Ik woe wol dat
ik in stroomfyts hie,
dan fleach ik
nei de ein.
Finsters
Brits Columbia, augustus 1974
Koppich lûkt de transkontinintale
eksprestrein nei Montréal himsels mei in slakkegonkje de Rocky Mountains yn.
Wat heger de trein komt, wat hurder de kolkjende Frazer River yn it lûd fan de
stilte ferdwynt.
Ik ferfeel my
net. De kûpee is in galery fol byldzjende keunst. Op in lange rige skilderijen
skoot ûnwrikber berchlân stadich by my del. Finsters fol fonkeljend
ekspresjonisme mei in magyske ynslach. De rûch beklaaide griene stienmassa's en
wyt beslipe rotsen achter it rút binne it fûnemint fan in robúste wrâld. Dochs
fernuveret it my dat de beammen der manmachtich hâldfêst oan fine. Inkele
reisgenoaten nimme de oerweldigjende skepping fan de natuer ek stilswijend yn
har op. It libben liket him net fan in dream te ûnderskieden, we reizgje frij
fan ierdske betingsten troch tiid en romte. De útstalling sil de kommende dagen
troch in pear tiidsônes hinne grif geregeldwei feroarje.
Foar yn 'e kûpee
klinkt gitaarmuzyk. Op de meldij fan El Condor Pasa dwale myn eagen even
sykjend troch de loft. Dan bûch ik my wer oer myn oantekenboekje. ´Ja, ik bin
ek leaver in fûgel as in slak,´ skriuw ik op. ´As ik it mar koe. Seker witte
dat ik it woe!´ It refrein fan it Simon & Garfunkel nûmer lit him net ûnaardich
oersette. Tefreden besykje ik fierder te beskriuwen hoe´t ik my as taskôger
foar de finsters fan it ymposante lânskip fiel.
Al wist ik doe fansels
noch net dat ik jierren letter yn fûgelflecht oer ferwiksele grinzen werom yn
de tiid sjen soe. En ik wist ek net dat ik dy fergetten tekst fan in heuchlike
reis hiel oars en yn myn eigen taal ferwurdzje soe. Omdat ik it doe pas koe.

Grinzer Museum, augustus 2012

Grinzer Museum, augustus 2012
Mei niget fuottelje
ik yn in slakkegonkje by in lange rige skilderijen del. Finsters fol rûge
bergen, ûnbestindige rivieren yn djippe delten en stege beammen dy´t
wrakseljend hâldfêst sykje...
The last
At the last dune – lofty above silt and sea - the view is the end
and a
beginning, where sand, wind and water bind the roots
of marramgrass
in the face of earth, as quivering eyelashes.
There I
stand, while the salt washes my feet. The
beach is mine.
I´m not
alone. In the lost distance a boat draws near. Or does it go?
The sky
is clear, only the wind plays with the plumes of a plane.
Far
away, the mainland skeleton evaporates in trembling light.
It ´s
not my goal, but you can easily get there when
the tide is low.
Over my
shoulder the dunes tumble down the edge of a continent.
Behind
that rugged ridge the dyke holds the wasteland, where birds
scream for
life and blind rabbits are merely prey. Humanity bears
its days
in the solitude of weary hearts. Silence
is my best friend.
To be
waiting, overlooking everything with searching eyes, it makes
no sense
to talk. Let silence solve the mystery of everlasting time.
Light
fades away over the sea, wind falls over the merse. Two towers
shine in
the twilighthours of a grey summer night. I`m not alone.
Fragile / Brekber
FRAGILE
If you know how wind in the winter feels
or the bright light in the spring, then
ask yourself: how fragile are our lives?
If you know how trees in the summer smell
or the colored leaves in the fall, then you
might also wonder: how fragile is our love?
But the frailty of both has no measurable size,
for our lives are indisputably part of fickle nature
and love is only sustainable if we manage to survive.
BREKBER
Ast witst hoe´t de wyn by’t winter fielt
of it skelle ljocht yn maaie, freegje dan
dysels ris ôf: hoe brekber is ús libben?
Ast witst hoe’t beammen simmers rûke
of it bûnte blêd by't hjerst, dan kinst dy
ek ôffreegje: hoe brekber is de leafde?
Mar it breklike fan beide is samar net te mjitten,
om’t ús libben sûnder mis like wif is as de see
en leafde pas duorsum as we slagje te oerlibjen.
it geriif
Wêr
binne de libbene dichters?
Ik hear se amper, bestean se noch
by it ljocht fan papier, of libje se inkeld
yn it ramt fan it grut omfiemjend geriif?
Harren nammen stride om in namme
en reitsje fersile op in ferblynjend toaniel.
Wat dogge se dêr? Ik kin der net by!
En wêr bliuwe de deade dichters?
Ik hear se wol en sjoch har bylden
beklibbe yn it reach, al krij ik harren
lûd yn it sljochte each mar min te plak.
By't libben beskreaun skriuwt de tiid har
lot dat de dea oerwint. Mar ik kin se net.
Wêr binne har wurden ast se lêze wolst?
de wrâld
Al dy boeken. Al dat mei letters bedrukte papier.
Al dy dreamen en nachtmerjes dy´t de wierheid ûntmaskerje en de leagen it
rjocht jouwe om te bestean. It boek is mear as in samling fan samar wat talige tekens,
sa´t in minske yn syn hiele hâlden en dragen mear is as in blyn wêzen. It boek hat
wat te sizzen. Elk eksimplaar is in doar nei it libben, elke side in finster
mei in nijsgjirrich perspektyf op de wrâld. Boeken: slach se iepen en se jouwe
sicht op romte.
Al dy skriuwers. Al dy kloeke bodders. Al dy útfiners
fan yndividuen en betinkers fan in oar syn gedachten. Wat in ferskaat fan ynmoedige
en pitertuerlike karakters. In skriuwer is mear as in samler fan willekeurige taal
en tekens, sa´t in boek yn´e regel mear is as in gewoan stikje tekst. In skriuwer
hat wat te sizzen. Elke skribint is in ynstrumint fan it libben en syn harsens
de kosmos fan in nijsgjirrige wrâld. Skriuwers:
jou se in stik papier en se binne de lêzer de baas.
Al dy ferhalen mei de magy fan de werklikheid.
Wat in weareld oan yllúzjes. Wat in wrâld sûnder Fryske boeken...
op 'e mar (2)
sylde ik oan it helmhout foar
de wyn, ik soe as in kampioen
mei in protte lok as earste oer de
mjitte komme, mar de wierheid is
fansels krekt even in bytsje oars,
want ik hold it amper oan de fok.
Abonneren op:
Posts (Atom)




.jpg)
.jpg)