rock & roll
Jûchhei, it is safier! Lang
om let waaie
de bûthúsdoarren iepen.
Bolbjirken
stowe bûnte balters yn ’e
bûtenloft.
En op it gers fan it grutte
greidteater
spatte de kij mâltjirgjend
út ’e bocht.
De toan is set! It golle
maitiidsliet klinkt
lykas hiphoprap yn in
Idolsshow mei fette
rock en roll. De x-faktor
fan it feeballet
lûkt minsken by de rûs,
supersljocht nei
it spektakel fan de populêre
frijheidsdûns.
Al is it nuver spul fansels,
dat jong en âld
efter it stikeltried him as
in keppelbist
mar amper yn ’e stringen skikt,
wylst it fee
dêr’t se foar komme har wyld
en gysten
foar dat frjemde apefolk te
pletter skrikt.
Mar och, in ko is mar in ko.
En ek de pink,
it rier of hokkeling hat net
folle benul fan
it tipelsinnige gedoch fan
al dy deitoeristen.
De bisten wolle inkeld
graach it lân yn om te
swingen en dat sjocht de
bolle ek wol sitten.
Nee, it is net ferkeard en
jou de kij wat romte,
dat smyt foar elk in protte
wille op. Boppedat
kin men der ek noch wat fan
leare. Want wat
oars yn ’e skimer fan ’e
stâl ferburgen bliuwt,
komt bûtendoar yn folle
gloarje foar it ljocht.
‘Wat is dat no?’ wiist in
jonkje nei it skodzjen
ûnder in kowesturt. ‘Dêr
komt de molke wei’,
laket syn heit. It baaske
rekket fuort optein
oer de grouwe boarne fan it
wite focht, grif
dat er dêrom happich seit:
‘Ik wol ek sa'n ko!’
kunde
Ik bin koartlyn yn´e
kunde kaam mei de selsferklearre presidint fan de romte. In man mei fisy sa die
bliken. Alteast op it mêd fan de keunst. Ik miende oars dat ik him al koe en al
wist mei watfoar moderne skilder ik te meitsjen hie, mar diskear krige it moetsjen
op 'e nij beslach. Feitlik learde ik syn wurk better kennen. Ik waard nammentlik
foar it earst goed gewaar hoe't er - yn syn tiid - op hiel eigen wize de
definysje romte op´e nij stal wist te jaan. Syn ynstruminten binne kantige
foarmen dy't út it neat ferskine. Mar de grûnslach is wite leechte en swarte
matearje dy't suver yn harsels ferdwine. It falt net ta en fyn it paad yn dy
romte sûnder grinzen. Je fiele jin al gau ferlern. Dochs jout it ek hâldfêst,
omdat de romtelike gedachten fan Kazimir Malevich de tiid beskôgje. Mei kosmyske
besieling, mar dêrom net minder statysk, jout syn skepping ynsjoch yn it
ferline en de takomst fan de keunst en it libben.
It regear fan
presidint Malevich wol foarmen as oarspronklike eleminten fan it bestean bewurkmasterje,
want hy seach de gewichtleaze beweging dy't er yn syn wurk neistribbe as
oarsaak fan alle oarsaken. Dêr moast ik wol even oer neitinke, sa't syn kreaasjes
fan de objektleaze wrâld sûnder boppe of ûnderkant bytiden ek net maklik nei te
kommen binne. Mar dy wrâld bestiet wol. En net te leauwen: al hûndert jier. Bygelyks
yn it skilderij mei it alles ynslutende swarte fjouwerkant as in finster fan de
nacht. In ramt as in rút mei it sicht op de poertsjustere matearje dy't de ivichheid
beslacht. It begjin en de ein fan alles is as in ûneinich ferhaal op inkeld ien
swarte side byinoar brocht. Wat dan yn essinsje fan syn oare wurk noch
oerbliuwt is it wyt op it wyt, dat as in boek mei lege siden gjin wurden
noadich hat.
trochsnee
In trochsnee
minske lêst wolris boeken. Dy gewoante begjint yn 'e regel al hiel betiid en as
it goed befalt dan wurdt sa'n minske in lêzer. In trochsnee lêzer kriget op syn
jierdei wolris boeken, alteast dêr begjint it meastal mei. De echte lêzer makket
út soarte graach in eigen kar en keapet syn boeken sels. It kin ek oars. De betûfte
lêzer, ien dy't goed om him hinne sjocht, kin ek samar ergens in boek fine:
inkeld komst sokke gratis sweefboeken op in ûnferwachte lokaasje tsjin. Folle
te kiezen is der yn sa'n gefal net. Dan kinst better in boek liene, fan freonen
of famylje bygelyks. Tydlik in boek foar in bytsje jild besette kin ek. Dan
moat men lid wurde fan de biblioteek. Graach ried ik dat de trochsnee lêzer oan.
Want wat yn de biblioteek te heljen is, is noch altiten de muoite wurdich. Wa't
dat te folle muoite fynt kin ek boeken stelle. Dat ried ik lykwols gjin inkele
lêzer oan. De konsekwinsjes binne yn 'e regel djoerder as in boek. Boeken
keapje yn de winkel dat is fansels it bêste. En de lêste mooglikheid is it
ynternet, dêr tilt it op fan boeken. Echte boeken en e-boeken. Even in pear
klear klikke en se stean letterlik en figuerlik flot yn 'e kast. Wa't dat wol
kin sûnt koart ek e-boeken liene by de biblioteek en lêze op in tablet of sa. Dan
moat ik noch fermelde dat elkenien fergees ferskate klassike titels digitaal delhelje
kin. In protte âld wurk is rjochtenfrij. Dy't wat langer siket fynt grif ek aktuele
boeken yn digitaal formaat op syn paad. It is net folle muoite en helje sokke
yllegale eksimplaren fan it net, mar...it mei net, feitlik is it stellen. En dat
ried ik, sa´t ik al sei, gjin inkele lêzer oan, want dat docht in fatsoenlike trochsnee
lêzer net. dat byld
dy iepen doar
dy grutte ruten
dy beladen muorren
dat wrâldske oard
en nearing fan it brea
dat it sin bekoaret
dat klankferskaat
mei ynderlike lagen
dy kar út frjemde talen
dy bernehoeke en fitrine
mei antike stripferhalen
dat spoar nei dat iene
boek mei fingertaasten
dat byld:
dat yn de bylden
fan de taal ferdwaaldeboartersguod
Der stoot in domdryst hûntsje rjocht op my ôf. Nei it ras moat ik riede. Tûk op aksje giselt er mei in tennisbal yn 'e bek wat knoffelich om my hinne. Gjin wûnder, hy hat mar ien achterste poat. Syn achterein pinkt likegoed kranich mei him mei. Parmantich stapt in jonge frou achter it behyplike bistke oan. Fleske drinken yn'e iene hân, in hûneriem yn de oare. It rom sittende, grize sportpak kin in skyn fan alluere net maskearje. Sels it losse, ljochte hier ferret in oar wêzen. Kreas, mar te gewoan.
'Hy rêdt him aardich', doar ik op te merken.
'In ûngelok', antwurdet se skuldich, 'mar it is goed beteard.'
Ik knik, it hie minder kind. It baltsje falt út de flybjende happert.
Troch skea en skande hat it balskoppen him by my net ûntjûn, mar yn in refleks hellet myn foet dochs út. It boartersguod sjit doelleas oer it paad it gersfjild op. Blyn is it stumper net. Blier en tier stuitert er achter de bal oan. It taferiel begruttet my, boppedat docht it my tinken oan hoe't ik sels sa'n rûn gefal op it skoalleplein besocht te berinnen.
'It's a basterd!'
Ik sjoch ferheard op.
'Mixed race', folt de frou oan, grif troch myn reaksje.
It klinkt suver polityk ynkorrekt.
'Of course, of course...' stammerje ik, as wie ik der mei oan.
Dan pas falt it my op dat we yn har taal tsjininoar prate. Dat ik sûnder erch flot omskeakele ha ferbaast my noch mear.
'Nice dog!' hastigje ik my te sizzen.
'Yes, cute isn't he?'
Hoe soe ik it har ûntstride? Ik mei wol oer hûnen. Goed, se rûke, benammen as it reint en de groede yn myn kût stekt allinnich mar as it friest, mar dit is gjin Dútske harder.
Hymjend lit de bastaard de bal op 'e nij foar my falle. Hy kin my wat. De frou nimt ek in ôfwachtsjende hâlding oan. Ik sin op in praatsje. Dizze kâns moat my net ûntkomme. Der falt my lykwols niks sinnichs yn. De frou bûcht en pakt de bal. Sljocht draait it hûntsje in fernimstige pirûette. Tegearre hâlde we de frou yn 'e gaten. Wat docht se?
Ik begryp hûnetaal, besef ik my ynienen, ik snap him. Ik wit wat der yn dat simpele brein omgiet. Soks ha je mei in kat folle minder. Krekt as ik it opperje sil soalt de bal wer oer de greide. De hûn is net te hâlden. De frou is likemin fan doel en bliuw langer stean. Se set it op in drafke. De trainingsbroek flodderet har elegant om it gat.
Abonneren op:
Posts (Atom)
.jpg)
.jpg)
.jpg)
.jpg)

+(640x406).jpg)
.jpg)