rock & roll


Jûchhei, it is safier! Lang om let waaie
de bûthúsdoarren iepen. Bolbjirken
stowe bûnte balters yn ’e bûtenloft.
En op it gers fan it grutte greidteater
spatte de kij mâltjirgjend út ’e bocht.

De toan is set! It golle maitiidsliet klinkt
lykas hiphoprap yn in Idolsshow mei fette
rock en roll. De x-faktor fan it feeballet
lûkt minsken by de rûs, supersljocht nei
it spektakel fan de populêre frijheidsdûns.

Al is it nuver spul fansels, dat jong en âld
efter it stikeltried him as in keppelbist
mar amper yn ’e stringen skikt, wylst it fee
dêr’t se foar komme har wyld en gysten
foar dat frjemde apefolk te pletter skrikt.

Mar och, in ko is mar in ko. En ek de pink,
it rier of hokkeling hat net folle benul fan
it tipelsinnige gedoch fan al dy deitoeristen.
De bisten wolle inkeld graach it lân yn om te
swingen en dat sjocht de bolle ek wol sitten.

Nee, it is net ferkeard en jou de kij wat romte,
dat smyt foar elk in protte wille op. Boppedat
kin men der ek noch wat fan leare. Want wat
oars yn ’e skimer fan ’e stâl ferburgen bliuwt,
komt bûtendoar yn folle gloarje foar it ljocht.

‘Wat is dat no?’ wiist in jonkje nei it skodzjen
ûnder in kowesturt. ‘Dêr komt de molke wei’,
laket syn heit. It baaske rekket fuort optein
oer de grouwe boarne fan it wite focht, grif
dat er dêrom happich seit: ‘Ik wol ek sa'n ko!’ 


kunde


Ik bin koartlyn yn´e kunde kaam mei de selsferklearre presidint fan de romte. In man mei fisy sa die bliken. Alteast op it mêd fan de keunst. Ik miende oars dat ik him al koe en al wist mei watfoar moderne skilder ik te meitsjen hie, mar diskear krige it moetsjen op 'e nij beslach. Feitlik learde ik syn wurk better kennen. Ik waard nammentlik foar it earst goed gewaar hoe't er - yn syn tiid - op hiel eigen wize de definysje romte op´e nij stal wist te jaan. Syn ynstruminten binne kantige foarmen dy't út it neat ferskine. Mar de grûnslach is wite leechte en swarte matearje dy't suver yn harsels ferdwine. It falt net ta en fyn it paad yn dy romte sûnder grinzen. Je fiele jin al gau ferlern. Dochs jout it ek hâldfêst, omdat de romtelike gedachten fan Kazimir Malevich de tiid beskôgje. Mei kosmyske besieling, mar dêrom net minder statysk, jout syn skepping ynsjoch yn it ferline en de takomst fan de keunst en it libben.


It regear fan presidint Malevich wol foarmen as oarspronklike eleminten fan it bestean bewurkmasterje, want hy seach de gewichtleaze beweging dy't er yn syn wurk neistribbe as oarsaak fan alle oarsaken. Dêr moast ik wol even oer neitinke, sa't syn kreaasjes fan de objektleaze wrâld sûnder boppe of ûnderkant bytiden ek net maklik nei te kommen binne. Mar dy wrâld bestiet wol. En net te leauwen: al hûndert jier. Bygelyks yn it skilderij mei it alles ynslutende swarte fjouwerkant as in finster fan de nacht. In ramt as in rút mei it sicht op de poertsjustere matearje dy't de ivichheid beslacht. It begjin en de ein fan alles is as in ûneinich ferhaal op inkeld ien swarte side byinoar brocht. Wat dan yn essinsje fan syn oare wurk noch oerbliuwt is it wyt op it wyt, dat as in boek mei lege siden gjin wurden noadich hat. 

trochsnee

In trochsnee minske lêst wolris boeken. Dy gewoante begjint yn 'e regel al hiel betiid en as it goed befalt dan wurdt sa'n minske in lêzer. In trochsnee lêzer kriget op syn jierdei wolris boeken, alteast dêr begjint it meastal mei. De echte lêzer makket út soarte graach in eigen kar en keapet syn boeken sels. It kin ek oars. De betûfte lêzer, ien dy't goed om him hinne sjocht, kin ek samar ergens in boek fine: inkeld komst sokke gratis sweefboeken op in ûnferwachte lokaasje tsjin. Folle te kiezen is der yn sa'n gefal net. Dan kinst better in boek liene, fan freonen of famylje bygelyks. Tydlik in boek foar in bytsje jild besette kin ek. Dan moat men lid wurde fan de biblioteek. Graach ried ik dat de trochsnee lêzer oan. Want wat yn de biblioteek te heljen is, is noch altiten de muoite wurdich. Wa't dat te folle muoite fynt kin ek boeken stelle. Dat ried ik lykwols gjin inkele lêzer oan. De konsekwinsjes binne yn 'e regel djoerder as in boek. Boeken keapje yn de winkel dat is fansels it bêste. En de lêste mooglikheid is it ynternet, dêr tilt it op fan boeken. Echte boeken en e-boeken. Even in pear klear klikke en se stean letterlik en figuerlik flot yn 'e kast. Wa't dat wol kin sûnt koart ek e-boeken liene by de biblioteek en lêze op in tablet of sa. Dan moat ik noch fermelde dat elkenien fergees ferskate klassike titels digitaal delhelje kin. In protte âld wurk is rjochtenfrij. Dy't wat langer siket fynt grif ek aktuele boeken yn digitaal formaat op syn paad. It is net folle muoite en helje sokke yllegale eksimplaren fan it net, mar...it mei net, feitlik is it stellen. En dat ried ik, sa´t ik al sei, gjin inkele lêzer oan, want dat docht in fatsoenlike trochsnee lêzer net.  

dat byld

dy iepen doar
dy grutte ruten
dat berûne paad
dy beladen muorren
dat wrâldske oard
en nearing fan it brea
dat it sin bekoaret

dat klankferskaat
mei ynderlike lagen
dy kar út frjemde talen
dy bernehoeke en fitrine
mei antike stripferhalen
dat spoar nei dat iene
boek mei fingertaasten

dat byld:
dat yn de bylden
fan de taal ferdwaalde
  

boartersguod

Der stoot in domdryst hûntsje rjocht op my ôf. Nei it ras moat ik riede. Tûk op aksje giselt er mei in tennisbal yn 'e bek wat knoffelich om my hinne. Gjin wûnder, hy hat mar ien achterste poat. Syn achterein pinkt likegoed kranich mei him mei. Parmantich stapt in jonge frou achter it behyplike bistke oan. Fleske drinken yn'e iene hân, in hûneriem yn de oare. It rom sittende, grize sportpak kin in skyn fan alluere net maskearje. Sels it losse, ljochte hier ferret in oar wêzen. Kreas, mar te gewoan.
'Hy rêdt him aardich', doar ik op te merken.
'In ûngelok', antwurdet se skuldich, 'mar it is goed beteard.' 
Ik knik, it hie minder kind. It baltsje falt út de flybjende happert. 
Troch skea en skande hat it balskoppen him by my net ûntjûn, mar yn in refleks hellet myn foet dochs út. It boartersguod sjit doelleas oer it paad it gersfjild op. Blyn is it stumper net. Blier en tier stuitert er achter de bal oan. It taferiel begruttet my, boppedat docht it my tinken oan hoe't ik sels sa'n rûn gefal op it skoalleplein besocht te berinnen. 
'It's a basterd!' 
Ik sjoch ferheard op. 
'Mixed race', folt de frou oan, grif troch myn reaksje. 
It klinkt suver polityk ynkorrekt. 
'Of course, of course...' stammerje ik, as wie ik der mei oan. 
Dan pas falt it my op dat we yn har taal tsjininoar prate. Dat ik sûnder erch flot omskeakele ha ferbaast my noch mear.
'Nice dog!' hastigje ik my te sizzen.
'Yes, cute isn't he?' 
Hoe soe ik it har ûntstride? Ik mei wol oer hûnen. Goed, se rûke, benammen as it reint en de groede yn myn kût stekt allinnich mar as it friest, mar dit is gjin Dútske harder. 
Hymjend lit de bastaard de bal op 'e nij foar my falle. Hy kin my wat. De frou nimt ek in ôfwachtsjende hâlding oan. Ik sin op in praatsje. Dizze kâns moat my net ûntkomme. Der falt my lykwols niks sinnichs yn. De frou bûcht en pakt de bal. Sljocht draait it hûntsje in fernimstige pirûette. Tegearre hâlde we de frou yn 'e gaten. Wat docht se? 
Ik begryp hûnetaal, besef ik my ynienen, ik snap him. Ik wit wat der yn dat simpele brein omgiet. Soks ha je mei in kat folle minder. Krekt as ik it opperje sil soalt de bal wer oer de greide. De hûn is net te hâlden. De frou is likemin fan doel en bliuw langer stean. Se set it op in drafke. De trainingsbroek flodderet har elegant om it gat.

wurden