sjen


De blik fan de keunstner sit tusken de earen. It is yn´e regel in blik dy't fierder eaget as de deistige gong fan saken en djipper as wat gewoanwei sichtber is. It is in blik dy´t it rom sjocht. De eagen sykje:  freegjend en hifkjend.  It binne skerpe eagen. Wat se opnimme brûke se om te skeppen. Kleur of foarm? It docht der net ta. Tusken de linen?  It kin wol wat lije.  Abstrakt of realistysk? It is mar wat it each sjocht. De ferbylding is net oan grinzen bûn.

Portretten binne dêr op gjin útsûndering. In portret is in ferhaal op himsels. It is in tiidleas momint yn in libben ferline en in ûnfergonklik heden. Yn de eagen fan it portret skimert de wrâld fan de keunstner. It is faak in blik sûnder skrupules. De blik fan in portret lit de eagen fan deaden sprekke en docht de libbenen tinken. Oer langst, leafde en lijen. En fan dy trije faaks it lijen it measte. In slagge portret sjocht streekrjocht yn de siel fan de skôger.


Wa´t dat net sjocht mist wat. Wa´t dat net sjen kin is te begrutsjen. Wa't dat net sjen wol kin him in reis nei de grutte solotentoanstelling fan Marlene Dumas yn it Stedelijk Museum fan Amsterdam besparje. 

glêshurd


fergees



Alles fytste of fear of siet op it terras patat te iten of lei op ien of oare strân te bakken mei in ijsko yn de sinne. It wie simmer yn it lân en oeral seach men boeken. Ryp en grien foelen se fan de beam sa like it. De risping wie rynsk dit jier, koest se eins net misse. Yn in bak of ûnder in dakje, yn in kast of yn in kiste stienen se rûnom by de dyk te pronk. De minsken woenen tink graach wat diele en lêze litte wat se sels mei wille lêzen hienen. It wie grif de tiid. Alles moast fuort foar in sliterspriis, net oars as wie it útferkeap.  

Alle boeken foar ien euro it stik, of inkeld in pear sinten mear, somtiden leinen se sels al klear om fergees mei te nimmen.
Ruilje koe op guon plakken ek at it trof, sels sûnder it oerlizzen fan in rekkentsje. 
Sa koe sawat elkenien wol wat fan syn gading fine. 



In smite boeken oer fytsen, farren en iten. Romans leinen der ek by de rûs, lange en koarte, wol wat betommele mar noch kreas kafte. 
Lykwols, alles meast yn it Nederlânsk. 
It is fansels in aardige gedachte, dy negoasje fan bedrukt papier en suver om 'e nocht. It docht jin goed, mar it docht jin ek tinken...




it heden


Rare skiters



Oeral rinne bisten
Tamme om te aaien en oars wol om op te iten, wylden om te fangen en om op te sluten of se frette in oar as proai wol op. Op it lân en de savannes, yn de bosk en op de flanken fan de bergen. Kninen, kij, bearen, liuwen, oaljefanten, neam mar op. It is foar de wrâld ûnmisber guod.
Oeral fleane fûgels
Wjukjend yn de loft en oer de wolken, boppe see en griene wâlden. Sjongers yn de beammen, balters oer de baren en op de nok fan it dak. Earnen, kobben, mosken, swellen en protters machtich as de miggen. Frank en frij. We sjogge der tsjin op en we kinne der net sûnder.
Oeral swimme fisken
Kâldbloedich swinkend troch it swiet of sâlte wiet. Ranke dûkers sûnder longen, glêde jonges, rappe glûpers yn de sleatten, marren en de grutte dobben. Iel, snoek, hjerring, haai en walfisk . Slachtoffers fan smoarge minskestreken, fjochtsjend leger tsjin de streamen op.
Oeral sjochst ynsekten
In grut ferskaat fan lytse wûnders. Tûke krûpers, hippers, wrotters op of ûnder ierdske lagen, swevers op de wyn, hoeders fan de blommen. Mychhimmels, krobben, bijen, flinters, neefkes, tûzenen miljoenen, safolle, tel se mar ris, it hâldt noait op en giet mar troch.
Oeral binne minsken
Riken en earmen, roppers en razers. In protte dôf en blyn foar rjocht en frede foar mins en bist. In protte sûpers, fretters, smokers, spuiters, sjitters en alderhande oare rare skiters. Jong of âld, wrede en minne, peste, fjochtsje, moardzje. Minsken, minsken, minsken, wêr moat dat hinne? 

Hjir

Hjir

Hjir bist, hjir rinst stadich
op in kaart beskreaun
yn de taal fan dyn gedachten.
Hjir kinst dysels as in oar
fine yn in libben spoar
tusken stien en beton
fan in ierdsk fûndamint
dat wachtet, dat waakst,
en de tiid berint mei
mienskiplike krachten.
Hjir klinkt it lûd as in koar -
ûnder it each fan de loft
is de lucht dy suver oermachtich.
Hjir giet de sinne syn gong
oer de neakene hûd
en wurdt it ljocht
as in reinbôge besongen.

Ast net better wist dan
soest sawat tinke datst
de nije wrâld foar dy hast,
sa evenredich leit it der hinne.

Yn dit katedrale rudimint
sûnder timpelwanen draacht
de massa in wis karakter,
it is gjin leauwe, mar ferstân,
dat it ferskil yn it libben makket.
Beammen bouwe gjin byntwurk
fan wankele dreamen.
Ygdrasil´s bern spanne de kroan
en siedzje it sied oer it gea.
Stien op stien op stien
wierret de wierheid oan,
as in berch yn in griene see.
Yn dit hûs fan de romste tiid
lemieret de ferwachting.
Hjir fynst de wurden
om it tinken te bepalen.
Hjir garrest bylden en steapelest
mei lege hannen nije lagen.
Hjir witst datst it paad nimst
yn in labyrint fan oerferhalen.
Hjir bist watst bist en wurde silst.


Hjir giest... hiel stadich...

stil is it

Stil is it noait ûnder de linebeammen en op de pleinen mei platanen, maitiidslongen swier fan blêd, altyd is der leven, yn de stêd fan mannich folken libbet de frije geast, stean de wurden de demoanen en barbaren nei it winteljen fan in tiid. Ien folk, ien ryk, ien lieder, it is al lang foarby yn de stêd dêr't de boeken baarnden, lykas letter de paleizen en de hûzen, doe´t it kwea yn de bunkers totaal ûntaarde en it fjoer fan de apokalyps oer it minskdom daalde. Stil is it inkeld tusken de lange rigen kisten fan grau beton en op de planken fan de lege boekekasten yn de kelders fan nacht. Tinktekens, tinkstiennen, groeden, oantinkens en betinkingsmuorren fan de kâlde goarre stean rûnom yn it folle ljocht. De deaden ha neat te sizzen, de libbenen gean oer de wurden dy't ferhelje fan eartiids. Stil is it noait yn de stêd dêr't de boukranen swaaie, knikke en as wjukken fan de earn oer de strjitten skaaie. It libbet as in hert dêr't hammerjend yn de skachten wrotters frije spoaren ûnder de grûn troch lûke. Libbensaders troch bestjurre lagen bloed. Nee, stil is it noait dêr't de bodders nije slotten en kastielen bouwe, wylst busladingen frije kultueren troch de strjitten dwale, ûnder de linebeammen en oer de pleinen mei platanen.


fiersiik


rock & roll


Jûchhei, it is safier! Lang om let waaie
de bûthúsdoarren iepen. Bolbjirken
stowe bûnte balters yn ’e bûtenloft.
En op it gers fan it grutte greidteater
spatte de kij mâltjirgjend út ’e bocht.

De toan is set! It golle maitiidsliet klinkt
lykas hiphoprap yn in Idolsshow mei fette
rock en roll. De x-faktor fan it feeballet
lûkt minsken by de rûs, supersljocht nei
it spektakel fan de populêre frijheidsdûns.

Al is it nuver spul fansels, dat jong en âld
efter it stikeltried him as in keppelbist
mar amper yn ’e stringen skikt, wylst it fee
dêr’t se foar komme har wyld en gysten
foar dat frjemde apefolk te pletter skrikt.

Mar och, in ko is mar in ko. En ek de pink,
it rier of hokkeling hat net folle benul fan
it tipelsinnige gedoch fan al dy deitoeristen.
De bisten wolle inkeld graach it lân yn om te
swingen en dat sjocht de bolle ek wol sitten.

Nee, it is net ferkeard en jou de kij wat romte,
dat smyt foar elk in protte wille op. Boppedat
kin men der ek noch wat fan leare. Want wat
oars yn ’e skimer fan ’e stâl ferburgen bliuwt,
komt bûtendoar yn folle gloarje foar it ljocht.

‘Wat is dat no?’ wiist in jonkje nei it skodzjen
ûnder in kowesturt. ‘Dêr komt de molke wei’,
laket syn heit. It baaske rekket fuort optein
oer de grouwe boarne fan it wite focht, grif
dat er dêrom happich seit: ‘Ik wol ek sa'n ko!’