Op 'e Feanhoop




GRUTTE JONGES


Sjoch, dêr hast se wer!
Mêst nei mêst nei mêst,
yn in rizige wetterpolonêze. 

Swierige monuminten
mei de stjerallures 
fan in seeweardich flottielje.

It binne wetterbazen,
wetterjagers en bytiden
opjage wetterhazzen.

Spegele yn de diminsjes
fan de tiid drage se grutsk
de ferbylding op de wyn.

En by't simmer jeie se
mei fûle faasje op in proai
fan ivichheidswearde.




Wat in romte!


Op 'e romte

Romte is de wei nei fierder,
ast it sikest, kinst it fine.
Ast it sjochst, dan wolst der hinne!
Op it lân, op it wetter, yn de loft.

Ast de romte krigest, dan moatst it nimme,
want mei de romte foar it each sjochst it pas:
de leechte fan de kime jout ferromming.
Ast gjin romte hast, dan bist nergens.



Hortus

Botanicus

Mei in grut arranzjemint
fan oanboazjende tinten
is in rûge tún by’t simmer
sûnder mis in statement.

Krûd, blom en túch kringt
mei natoerlik timperamint
sûnder pardon rimpen
oeral troch de tún hinne.

Stipe troch de golle sinne
lit de wize túnker mei sin
it bio-ferwin moai terinne.

Hy fynt yn de skientme
fan de gaos just besinning
en hâldt de hannen skjin.







Op 'e Lemmer

Nuver Spul

Pionnen op in wankel boerd
of hynders yn de stringen?
Lopers op in rjochte koers
en tuorren om te nimmen?

It is in spul fan pendanten:
partoeren dy’t swart wyt
klokjend tidigje op de wyn
sûnder ytlike sekondanten.

Dames dûnsje op ’e râne,
klampend oan harren rol
kinne se hiel wat ferneare.

Keningen falle en ferdwine,
mar sûnder mat en klop
kriget inkeld ien alle eare!


 

It is net oars

Sa’t alles ús oerkomt  op in willekeurige dei, sa dage de Maitiid mei simmerwaarmte oer de Wâlden. Yn in sucht wie alles grien,  as hie’t noait oars west. It oerfoel ús ek, dat wûnderlike barren fan groeisum waar lykas alle jierren: wat gewoan sa heart. Mar it hat ús moai te fiter, want wa’t der each foar hat, dy fielt de striid tsjin it ferrin djip yn it hert en yn ’e bonken en dy telt de dagen ien foar ien, net oars as wie elke dei de lêste.




Moai


Moai Maaie


Sa moai as de Wâlden yn Maaie,

sa moai is it hast nergens tinkst 

faak ast yn dyselde snoarje ergens

oars hinnegien bist yn Maaie.

En sa grien as de Wâlden yn Maaie,
sa grien is it my tinkt ek hast nergens,
hiel oars as bygelyks yn de bergen, al is it dêr wis ek wol moai Maaie.

Ja, de Maaie yn de Wâlden is tink ik
sels moaier as de Serengeti yn Afrika
en fêst ek in stik griener as de Sahara.


Sa moai binne de Wâlden yn Maaie

datst der om útens faak oan tinkst,
grif faker as datst yn ’e Wâlden bist.



Maaie

 STOARM

Yn Maaie reint it kleur

mei fine glinstertinten,

dy’t as stille miggelrein

sûntsjesoan wer dimme.


Of it eazet as de brân

mei in flamjend ferskaat

fan stjalpen sinnegiel

oer it oerwâldgriene lân.


Mar de wite sniejacht

yn de hagebeammen

slacht foar master op.


In glûpende stoarm  

dêrst net foar skûlje kinst

en suver yn fersûpst.






grien


 

Maaie




Feroaring fan ljocht

Foar dejinge dy’t dit lêst
sil it wol werkenber wêze
hoe’t de tiid stiekemwei
wer mei it oerpigmint
de wrâld in beurt jûn hat.

Dy stiet geandewei grif wer
fersteld hoe’t it farske grien
tierich om ús hinne ferskynt
en it reveil fan de kymjende
Wâlden syn ear oan docht.

Alle beammen binne besiele
troch de geast fan de natoer,
holpen troch bliere fûgellûden
yn de iere nêstferskûljende,
beklaaiing fan de keale tûken.

De bjirk bygelyks, fynsinnich
licht beplakt mei pixellytse
glinsteringen, hiel oars as
de stobbewylch mei syn wat
rûge toai fan in swankebast.

De noch slommerjende iik,
pronkjend mei in rûge stam,
is hast ek al like fyn fersierd,
as wie er mei mos beklaaid,
wat syn statuur net misstiet.

It bertestôf fan de tiid hinget
noch sliepperich yn it hier
fan mannich treurjende wylch,
eardat se op de stille hôven
út de dea ta libben komme.

Stânfêst op harren fuotstik,
blinkt op de trochluchtige
krúnen fan skonkige ipen
de ferware koperen glâns
fan in âlde keningskroan.

En as in jas mei in protte
wite knopen skine kastanjes
it frisse grien moai by mei
blakerjende kegelblommen,
dy’t se parmantich showe.

Yn de sleatswâlen strekke
brike en fertize elzebeammen
ûnfersetlik de houterige lea,
as soenen se it nei it ferstrûpen
hastich op in rinnen sette.

De bûk: primus inter pares,
dus út soarte net de minste,
bûgde ek net foar de winter
en lit syn sêft rûzjende blêdte
al as in breidskleed hingje.

Lit ús de hagetoarnen net
ferjitte, dy’t it ile grien even
mei wyt ferwikselje en dan
as de djoerste diamanten
yn de sinne stean te skitterjen.

Sa waait de Maaie al betiid
mei it lûd fan de iere klyster-
serenades oer de Wâlden.

En sa feroaret jitris it ljocht
fan de tiid yn de beammen,
dy’t lykas de kleuren ek wer
fierstente fluch ferfljocht.