hiel wat


Under it each fan de lêzer
spilet him hiel wat ôf,
ûnder it each fan de skriuwer
is it noait genôch.

It ark

Sjen en besjen. Sawat alles ha ik sjoen achter de ferheven en trochsichtige fasade fan it nije museum. Fuort neidat ik út it himelshege portaal troch de earste glêzen poarte stapte, namen de ferhalen yn de keunstmjittich ferljochte romten my mei. Op´e doele yn it spoar fan de tiid is in nocht, dan hat in omtoarker gjin lins.
Lykwols, doe´t ik de bewuste middeis op´e weromreis wie, doe tocht ik ynienen: ferrek, ik ha tusken al dy pronk en aardige prullen it swurd net sjoen. De grutte houwer fan moreel formaat, de rêchbonke fan de naasje. Hoe wie it mooglik dat it ûnderstelde wapen fan in piraat my ûntkaam wie? Dat ik it ferneamde stik ark net sjoen ha fernuveret my noch, mar dat ik tink dat ik wat mist ha? Amper! Want wêr ha we it oer? Der wie ommers genôch te sjen. Trep nei trep beklom ik de brede wei nei nijsgjirrich oanklaaide sealen. Oeral stapte ik troch mei grandeur fertelde histoarjes. En it útsicht? Heldere finsters joegen in romtelike blik op in dynamysk diorama. Hast like moai as de ynhâld. Wier, it replik en ûnreplik guod yn it nije kulturele hert fan de haadstêd mei besjen lije. 
Nee, ik ha net sjoen wêr't it swurd stiet, leit of hinget. It seit my it measte ek net. Wat docht sa'n ding der eins ta? Is it lykas Excalibur in magysk objekt dat op in dei de skiednis bepale sil? Of ha we te krijen mei it swurd fan Damocles, de driger fan kwea en ûnheil? Want dat is fansels yn it ramt fan de taaldelgong wol wer in aardige metafoar. In flamjend swurd dat ús it paad nei it paradys opkeard lit ik hjir mar bûten beskôging. Hawar, ornamint of artefact, it sil syn nut wol ha, dat wol ik gjinien ûntstride. Mar yn tiden fan oerhearsking ha wapens mear betsjutting as in symboalyske wearde. Dat ark ha ik wol sjoen. Yn itselde museum. Op in ymposante útstalling fan it echte ferset. 

helder


Boppe see


Boppe See

De wyn is it wurd boppe see,
gedachten it lûd fan it ljocht
en ferheljende bylden skowe
yn eskaders troch in stille loft.

Mei in weareld oan stimmen
bespilet in moerstaal de kust
as klankboerd fan de ferhalen
dy't my yn de holle omdwale.

Dêr, yn de romte fan it tinken
benimt de lucht my de amme,
want op´e stripe fan de floed

ferrint de inket fan it skriuwen 
yn it boek mei ûnbereizge siden
by it staverjen fan myn namme.

it wûnder



It skoutoaniel fan de skilder leit as in ramtfertelling iepenteard foar my. Ik bin publyk, dan sjochst op de earste rang de foarstelling net oer de holle en kin ik mei de oare taskôgers de eagen goed de kost jaan. Nijsgjirrich en de mûle iepen fan fernijing. De meunsterjende kloft is betsjoene. Wat giet der yn har om? Stean se stil by de tiid fan de skilder? Sjogge se troch syn eagen hoe't er yn it libben stie? Se meie syn masterwurk grif lije. Se sille it letter ek moai meinaam fine dat se it sjoen ha. Dêr kamen se ommers se foar. 
Goed sjen ferget geduld en dat falt net ta. Guon gowe alle kanten út. Wat nimt sa´n omsteand laach eins yn him op? Mooglik freegje se har fan alles ôf. Der giet ek hiel wat yn my om. Oer it wûnder fan de ferbylding bygelyks. De trochsnee taskôger ferpleatst him miskien wol yn it ferhaal op it doek om him mei ien fan de karakters te identifisearjen, lykas in lêzer dat docht yn de wrâld fan in boek. Ik kin it my yntinke: it is de ferlieding en de oanstriid om te flechtsjen út de realiteit. De skilder sil it sa bedoeld ha.
Ik
 slach de útstutsen hân fan de deade protagonist lykwols ôf. De ferlieding om oer de grins fan de tiid te stappen krijt by my gjin kâns. Ik hâld mysels net foar de gek. Ik draai my om en stap út it fakuüm fan de ferbylding dwerstroch it tableau vivant achter my. Wylst ik it heden rûk en fiel, spilet in oar ferhaal my troch de holle. It teater fan myn eigen wurden. Mear as samar wat gedachten. Langer as in dream. Perfoarst gjin magy. Ik leau yn de fiksje fan dit libben. Slagge it my mar om dat yn krekt sokke sprekkende bylden as fan dat skilderij op papier te krijen.

omgong

Ja, it is it lôgjende ljocht en de woelige kleurensee: turbulint en rûzich as in twirre. As fruchten fan in ferwoeden geast binne se sûnder mis de grûnslach fan it lânskip dat my yn de besnijing hat. Wa hat de skeppingsdrang fan dizze skilder noch noait yngreven op him ynwurkje litten? It opera omnia lêst ommers as in boek mei eksoatyske printen. Of klinkt dat oerdreaun? In deade boel is it seker net. Alles wat er - sa te sjen rap en mei rûge kwasten - staljûn hat libbet suver.
Al bliuwt it in ûnberikbere realiteit, syn ljocht en kleur dimmet noait. De blinkende stjerrenachten bylkje neat minder as it ferskuorrende sinnegiel. It moat de skilder syn doel west ha en stryk de ferve as in lûdroftich spektakel op it doek om de stilte fan it lânskip te ferbrekken. It is it doel dat him op syn selsportretten by wize fan sprekken út de eagen spat. In doel dat grif syn dea waard en him ferivige. It moat je mar oerkomme. Socht er der om fregest dy ôf of koe er net oars? Yn alle gefallen wie alles op syn libbensreis him tinken, al hat er spitigernôch noait witten op hokker bestimming er oankaam is.
Tiden hawwe tiden. Dêr't de reis fan de tamtearre keunstner al fierhinne dien wie - de âlde roeken boppe it nôtlân soe er koartby skilderje - giet in oar syn reis fierder. It ynliste wurk fan skilders is faak net folle mear as in dekor foar passanten. Op inkele oanbidders nei stiet it measte fakânsjefolk en de flaneurs dy't ha ferfele net lang stil by in skilderij. Even prakkesearje en dan rinne se wer troch. Wat bist sels? freegje ik my of, wylst ik de stadige omgong fan it ferwûnderjen en it bewûnderjen yn my opnim en: wat sjocht in oar wat ik net sjoch?

licht


wat heger sicht, wat lichter dagen,
mei langer ljocht fier út´e hichte
is de sinneskyn ferhevener, it kin
it libben drage as swellen op´e trie