fierder

Fierder gean en achterlitte. Noch ris oer it skouder eagje en dan fierder sjen. Dêr tuskenyn sitte mar inkele wurden. Goodbye! Take care! Oant sjen! Petearen fan langer lyn binne al hast ferhalen wurden. Sterke stikken miskien. As âlderwetske foto's yn in album grif it bewarjen wurdich. Mar earst fierder sjen en wer frjemdling wurde. Anonym yn in bjusterbaarlik loftspoar oer âlde grinzen. Reizger yn nije ferhalen.
Mienskip?
Se wienen der earder: de earste minsken yn it lân fan it âlde folk. De bewenners fan in erfskip dat har oan har mienskip bûn. Se wisten wa't se wienen. In autentike taal siet har yn de genen. Grutskens yn har bloed. Se namen wat de natuer har skonk en dronken út mistike libbensstreamen. Minsken dy't har oarreheite en memmedreamen seagen yn in web fan triedden dat yn it hout ferside siet.
Doe kamen de wite minsken. Har tiid naam it folk te pakken. No binne it de toeristen dy't geasten sjogge
fiersicht
Wat docht in berch oars as inkeld stean dêr't er stiet, wachtsjend op it momint dat de wrâld fergiet? Wilens beklimt de mins syn pyk, sjeest oer syn wite flanken nei it dal, fleant der heech oer hinne, feecht der mei in rappe wein yn'e fierte op grutte ôfstân by del, of ferwûndert him yn in loaie stoel oer it sicht op de demoanyske macht dy't de âlde slieper djip ûnder de ierde al mear as tsientûzen jier yn him hat. Wat docht dat mei in berch dy't wachtet oant er wekker wurdt? Grif net folle. Syn tiid is net ús tiid. Wat kin him de minsken skele. Hy docht wat er docht, wachtsjend yn de ivichheid. Wilens draait en draait de wrâld syn rûntsjes om de sinne. It docht dy wat mankelyk tinken, wat is myn tiid noch wurdich, wêr giet it hinne?
fersinne
Dit is in sin dêr't oer neitocht is. Dat is net sa bysûnder, want dat
is mei de measte sinnen faak sa. Foardat der in knappe rigel fan makke wurdt,
is it net ferkeard en stean in skoftke of langer by de wurden stil. Betochtsum
wat optinke dat is de baas, dan kinst dy wilens it proses nochris betinke. Oer
de styl en struktuer bygelyks, mar ek mei belied oer de skrapkes en dakjes en
ferskate aksinten. Want beried giet foar de died, dêr hoege we gjin wurden oer
te ha. Goed trochtinke dus, om dy mar net te fersinnen. Al soest soms graach
wolle dat it skriuwen hielendal folautomatysk gong, as mei in ûnsichtbere hân
oan de muorre. Bygelyks mei in magyske formule om mei in sinfolle sin de stilte
te ferbrekken of tsjin de leechte yn de holle. Ja, skerpsinnich wurk wat de
lêzer ta neitinken stimt en as in byldzjende komposysje de ivichheid
fertsjinnet, dat soe wat wêze. In sin dy't yn ien kear in geve, linige
konstruksje wurdt en dan rint as in klok. Al is dat stinnen fan it hifkjen en
skiftsjen ek wol wat wurdich. Mei de nije stavering is it der trouwens net
better op wurden, mar lit ik dêr fierder mar net oer begjinne. Ik tink leaver
nei oer moaie sinnen en de estetyske kar foar wurden om wat te skeppen dat my
nei't sin is. Om de wille fan de sinnen dy´t klinke as in melody. Dat kinne lange of koarte wêze. It kin de earsten of de lêste wêze of samar ien ergens
ûnferwachts tuskenyn. It kin in sin oer
leafde en frijheid wêze, oer lilkens en leagens of oer haat en de dea. Hoewol dat net sizze wol dat der dan gjin ûnsin
stiet, lykas faaks yn dit stikje, dêr´t oars ek goed oer neitocht is.
waansin
Ik ha in kastfol wurden
dy´t ik rûk, fiel en priuw
om by stil te stean
en yn my omgean lit.
Ik ha in keamerfol ferhalen,
dêr't ik sit, lês en tink
om yn om te slaan
en it sin syn gerak net ûntnim.
Ik ha in húsfol bylden
dy't ik ferlear, fûn en bin
om my by te bliuwen.
Se dogge my tinken
oan wat ik betinke koe
om op te skriuwen
mar mei in mûlfol tosken
ferswij oan it bestean.
Abonneren op:
Posts (Atom)