skeppe

Moat in skilder wol tekst en útlis jaan oer syn wurk? It hoecht om my net. As it goed is, dan docht in treflik skilderij syn eigen ferhaal. Dan lit de foarstelling op it doek al in ynderlik lûd hearre dat ûnderhâldend genôch is, lykas in roman de ferbylding achter de wurden yn in eigen taal fertelt. Derom soest sizze kinne dat de taljochting fan de skilder der feitlik net ta docht. Sa hoecht in skilder him neffens my ek net te ferantwurdzjen oer wat him driuwt en al hielendal net oer wat er mei syn wurk foar eagen hat. De objektive skôger moat as in ûnôfhinklike geast it ferstân de romte jaan en goed harkje nei de stim fan de ferbylding. Nee, in skilderij wurdt der nei alle gedachten net better fan as de keunstner syn motivaasje ûnder wurden bringt. Lit it pinsiel mar fertelle. Lit de kleuren mar sprekke. Lit it perspektyf de ferdjipping mar bleat lizze.




It wurk fan de skilder Gerrit Wijngaarden fertelt yn dichterlike stilte syn eigen ferhaal. Sprakeleas wurdt it yn in bûtenwenstige toansoart op it doek beskreaun. De ferbylding fan de taskôger kriget wiidweidich de romte. Under statyske loften reizget er troch in lykmoedige wrâld mei in weareld oan tagonklike leechte. Bedimme kleuren skeppe lânskippen en seeën yn in sprekkende byldtaal, dy't lykas poëzij fragen opropt, mar antwurden skuldich bliuwt. Ferwurde yn it lichte ljocht mei in bespegeljende lading docht it swijsume wurk fan Gerrit Wijngaarden oan âlde tiden tinken. In wrâld mei de ferlerne stilte dêr't men weemoedich nei weromsjocht. In libben dat net mear bestiet. It is it ferhaal fan geduld en fredigens dat ús yn de tiid ûntkaam is. Wa't by steat is en lit it yn him omgean sil der grif wat fan weromfine. En dy't net wit dat dy wrâld oait bestie: sykje net langer, mar iepenje de eagen. De ûnderfining sil in iepenbiering wêze.

In hiele reis





Stadich troch de jierren hinne fart
De Jonge Trijntje yn de nije tiid
oer smelle ieën en brede widen
troch de simmer op de takomst ta.

Yn it eachwyt fan it steile bynt binne,
stilearre yn in reach fan swarte trie,
loftich blau en read mei sinnegiel
keunstich yn de golle seilen spind.

It giet har kwierich foar de wyn,
al komt se fier wei en wêr sil
it op har griene tiidreis hinne?

Kin se op 'e motor fan it ferline
lavearjend troch hjoed de dei
in duorsume bestimming fine?




Hjirwei




By it stellen fan de rûte
is it plan noch net de reis.
En by it roaien fan de lingte
is de ôfstân noch lang gjin feit.
Ienris ûnderweis giet de tocht
selden streekrjocht nei de ein.
Boppedat is healwei pas oer de
helte as de tiid gjinien beheind.
En wylst de oankomst amper
wat oer de bestimming seit,
giet de reizger om it reizgjen
doelbewust syn eigen wei.

yn 't rûn


Omheech is de ferdjipping boppe it libben. Net ûnberikber wie myn ûnderfining. It like op fleanen doe't ik út ´e hichte delseach op in lytse wrâld. It wie lykwols gjin flecht, in hiele klim kinst it ek net neame, teminsten ast lykas in pakje yn in bakje streekrjocht nei hûndert meter hegerop sketten wurdst. In hichte dy't my suver wat licht yn 'e holle makke. Deselde holle dy't fernuvere yn 'e fierte om him hinne seach. Oeral yn 't rûn lei it fertroude lân: berûn, befytst en mei de snikke befearn. Fier wie lykwols net sa fier as ik tocht, want achter de hege, glêzen muorren die wer bliken dat romte bûten likegoed as binnen grinzen hat.


Omdel is de ferdjipping fan it bestean. It gong nei ûnderen ek hurd. Ik stie yn in sucht op de begeanbere grûn en koe sûnder tûkelteammen wer alle kanten út. Oer it skouder seach ik noch even by it glêde fjouwerkant omheech. It moderne kastiel stiek as in beaken yn 'e loft, mar eage ynienen in stik minder heech. Foar my seagen twa blanke, yn harsels kearde berneholtsjes inoar swijend oan. Swier neitinkend oer in wiffe takomst of neatsizzend yn gedachten oer it heden. In ferlichtsjende damp waaide súntsjes by har del. Mei de holle yn de wolken kinst ek oeral yn 't rûn sjen tocht ik, it is mar krekt hoest it besjochst. Yn de mist is fansels wer in oar ferhaal.

Drait Blues



Tusken de nijbouwiken fan in opslûpen stêd,
dêr't de koekkoek by’t maitiid syn namme ropt
en roppige reagers spegeljend sykje om fretten,
dêr slomket yn in guodlik lânskip stil en bestindich
in berêstend âld djip, hast troch de tiid fergetten.

Yndamme tusken de haven en de grutte autowei
mjit er mar in pear kilometer lang, al is er breder
as in opnij útdolde feart. Oan wjerskanten gerskje
in hantsjefol skearde skiep tusken de poddeblêden
en mollebulten op de slûgjende simmerdykflanken.

Oer de skulpepaden reizgje - ek mei hjerstich waar-
krigele fytsers en evenredige rinners mei har hûnen
dy't by it talúd del strune en sûnder belet temûk yn
it gers of in reidkraach skite, wylst behurde fiskers
yn ’e hoksen sitte en mei stikken bôle krinkjes smite.

Tusken de middei beseach ik healwei de fytsbrêge
dy wrâld fan Obe mei in mankelyk each. En faaks
wie it in idele gedachte, dochs tocht ik hoe moai it
wêze soe, as ik op in knappe winterdei, mei in goed
stik ridersiis, dêr de redens ea nochris ûnderbine koe.



útflecht


Ast fan fieren komst, dy in skoftke deljoust en dan wer fierder wolst.
Ast it ljocht daagjen sjochst boppe it lege waad, it dyklân en de dunen.


Ast op´e wjukken giest, dêr´t de romte dy'tst sikest yn´e fierte wankt.
Dan witst datst fierwei kaam bist, mar de reis derhinne gjin útflecht is.  


natura morta (3)



                                         Nomen Nominandum

Alles hat in namme. Gewoane en keunstige dingen. Bisten en minsken. Alle boeken op de wrâld. Nuver dat skilderijen dan soms anonym troch de tiid moatte, wylst se yn ’e regel wol wat foarstelle. Sûnder titel stiet der dan altemets by. Al liket dat nijsgjirrich, it is gjin namme en dat is spitich. Want in namme of titel krije is de berte fan it bestean en de oanset fan in nij ferhaal. In titel betinke is it foarrjocht fan de skilder, lykas it sinjearjen fan it wurk mei it pinsiel. Dat soe hy of sy ek mei de titel dwaan moatte. Op de achterkant fan it doek bygelyks, om it wurk sa in unike titel yn de skiednis mei te jaan. Guon skilders binne betûft yn it betinken fan in namme, oaren moatte dat noch wurde of it kin har neat skele. Dêr sil ik net oer oardiele. 
De dichter, skriuwer en skilder Sipke de Schiffart hat in resint lânskip fan him noch net doopt. Mooglik hjit syn romtelike ferbylding 'Raapsie yn de Wâlden'. In beneaming dy´t it ûnderskied meitsje kin en it wurk yn in moaier ljocht set. Sa leit de poëzij der krekt wat mear mei fielbere streken op. Boppedat komt de harmoanyske wikselwurking tusken kleur en foarm better ta syn rjocht. Tagelyk kriget de ferstilling op it doek de lading fan in mystearje, as wie it fan de hân fan Morandi. As rêstpunt foar it each soe it lânskip ommers krektlikegoed in Natura Morta wêze kinne.
Wa wit stiet de titel, dy't de skilder syn kreaasje meijûn hat, ferskûle op de achterkant fan it doek en moat de sinnige skôger der nei riede. Yn alle gefallen sil de tiid it leare of it 'raapsie' namme makket yn de earegalerij fan ikoanen. Ûnmooglik is it net.

natura morta


Wat wol in skilder mei syn wurk sizze? Dat is in fraach dy’t net direkt by elkenien opkomme sil, mar wol foar de hân leit. Mooglik jout de fraach rjochting oan it besjen en makket it in skilderij nijsgjirriger.
No sil net elke skilder mei syn wurk in ferhaal fertelle wolle, sa't ek net elkenien by it besjen fan in skilderij der nei siket. Mar dy't dat al dogge, soenen dy dan kollektyf itselde waarnimme of betinke se mar wat? It kin grif alle kanten op. Dy frijheid ha we gelokkich. Dat makket dat it goed yn dy opnimmen fan watst sjochts fertuten dwaan kin, want der stekt faak mear achter dan ast tinkst.
Foar it wurk fan ferheljende skilders jildt fansels ek: hoe wurdt it ferteld? En dan kinst dy ek ôffreegje: wurdt it altiten wol begrepen? Dat hinget dan wer fan de waarnimmer ôf. Miskien hâldt dy himsels wol foar de gek.
Guon skilders sizze it moai op. Dy lizze har der op ta en skilderje maklik yn alle talen. By oaren moat der wat djipper oer de stof neitocht wurde. By it ferneamde wurk fan Giorgio Morandi - dat foar myn eagen like stil as in goed boek ta libben komt - freegje ik my bygelyks ôf: wat is it leitmotyf of de reade tried yn syn stillibbens? En hoe sit it mei de karakters? Syn komposysjes lykje bytiden op groepsportretten fan in fredige famylje. Mar dat is ferrifeljend. Want wat langer ast der nei sjochst, wat skerper der in ferskaat fan bylden op dy ôfkomt. It kin krektlikegoed in ploechje opsketten jongelju wêze dy't nei de kroech ta sille. Of in stel útrûpele, yllegale ymmigranten dy't fergees sykje om in dak boppe de holle. Yn it slimste gefal hâldt de Italiaanske skilder ús in spegel út syn eigen jeugd foar en sjoch ik nei in keppel byinoar dreaune boargers dy't ûnskuldich foar in fassistysk fjoerpeloton stean te wachtsjen op it genadeskot. Mar och, ik hâld mysels grif foar de gek en meitsje der mar wat fan.
    

omlein

   Geef as kryt
   stie er de tiid
   manmoedich,
   steech en stoer.

   Sawat tritich jier
   woartele en woeks
   de siedling fan in
   houten túnkershân
   as ienling op it hiem.

   Wynbrekkend hoede er
   ûnder syn griene teisters 
   oer jûpske darteldowen
   en sjongsume klysters.  

   It wie syn tiid,
   mei trochfike ieren
   joech er beliis,
   sa geef as kryt.