Nomen Nominandum
Alles hat in
namme. Gewoane en keunstige dingen. Bisten en minsken. Alle boeken op de wrâld.
Nuver dat skilderijen dan soms anonym troch de tiid moatte, wylst se yn ’e
regel wol wat foarstelle. Sûnder titel stiet der dan altemets by. Al liket dat
nijsgjirrich, it is gjin namme en dat is spitich. Want in namme of titel krije
is de berte fan it bestean en de oanset fan in nij ferhaal. In titel betinke is
it foarrjocht fan de skilder, lykas it sinjearjen fan it wurk mei it pinsiel. Dat
soe hy of sy ek mei de titel dwaan moatte. Op de achterkant fan it doek
bygelyks, om it wurk sa in unike titel yn de skiednis mei te jaan. Guon
skilders binne betûft yn it betinken fan in namme, oaren moatte dat noch wurde
of it kin har neat skele. Dêr sil ik net oer oardiele.
De dichter, skriuwer en skilder Sipke de Schiffart hat in resint lânskip fan him noch net doopt. Mooglik hjit syn romtelike ferbylding 'Raapsie yn de Wâlden'. In beneaming dy´t it ûnderskied meitsje kin en it wurk yn in moaier ljocht set. Sa leit de poëzij der krekt wat mear mei fielbere streken op. Boppedat komt de harmoanyske wikselwurking tusken kleur en foarm better ta syn rjocht. Tagelyk kriget de ferstilling op it doek de lading fan in mystearje, as wie it fan de hân fan Morandi. As rêstpunt foar it each soe it lânskip ommers krektlikegoed in Natura Morta wêze kinne.
Wa wit stiet de titel, dy't de skilder syn kreaasje meijûn hat, ferskûle op de achterkant fan it doek en moat de sinnige skôger der nei riede. Yn alle gefallen sil de tiid it leare of it 'raapsie' namme makket yn de earegalerij fan ikoanen. Ûnmooglik is it net.