Losse loften
Is de loft
sûnder wolken net amper mear as in boek fol lege siden mei
it gemis fan
in epyske titel lykas ‘De ûntdekking
fan de himel’ dat is?
Is in skjinne
loft net krekt in gebrek oan wollige wurden yn lyrysk proaza
en in behoefte
oan byldzjende ferhalen mei in alles oereagjend fûgelsicht?
De see folt de
djipste lichten, mar de wolken binne fûneminten fan lucht.
Is elke wolk
eins net de trochljochte losse stof fan in ferlichtsjend gedicht?